De voorzitter constateert dat het stuk voldoende behandeld is. Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 9. Wizige begrutting Underwiisgroep Fier 2012 De hear Keuning (CDA) hat der fertrouwen yn dat it op termyn goed komt mei Fier, mar it tafersjoch moat wol bliuwe, sa't it no omskreaun is en it CDA wol ek festhalde oan de feamsjiersrapportaazje. It CDA giet akkoart mei it foarstel. De hear Hansma (FNP) stelt dat men ek fan dizze sifers net bliid wurdt, mar dat de FNP wol akkoart giet mei it foarstel. Wethouder Wachter roept de raad op om in ieder geval naar de presentatie van Fier te komen. De voorzitter constateert dat het stuk voldoende behandeld is. Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 10. Alternative oanpak foar it Dykbehear. De hear Tilma (CDA) stelt dat it jild no ienkear krap is en dat der wolris genoegen nommen wurde moat mei in mindere kwaliteit. Per probleem sil besjoen wurde wat der noadich is. It CDA giet akkoart mei it foarstel. De hear De Kroon (PvdA) freget wat de status fan it foarstel is, want de klassifikaasje is noch net defmityf feststeld. Neffens de PvdA kloppet it neamde bedrach net, der binne twa kear bedraggen ofhelle fan de 518.000 euro. De foarstellen fan de Grontmij lykje de PvdA praktysk ta. De PvdA wol punt 2 fan it beslut skrasse om sa mear romte te jaan om it jild yn te setten wer't it noadich is. De hear Dijkstra (FNP) seit dat yn dit gefal 'de bek nei de byt' setten wurde moat, al hoe spitich dat ek is. De FNP stimt dan ek yn mei it foarstel. De hear Ketellapper (GBL) fynt dat er goed op tasjoen wurde moat dat it budzjet goed bestege wurde, dat alles sa sunich mooglik dien wurdt en de plakken oanpakt wurde dy't it ek it meast noadich hawwe. De gemeente is foar in part wol oanspraaklik as der ungelokken barre op min underhalden diken. Wethalder Keizer stelt dat it soms kiezen tusken twa kweaden is, want alles kin net. De Grontmij docht foarstellen, mar de ried moat bepale wat der dien wurde moat en net alles kin dien wurde. Dit stik komt as ferfanging fan de kategorisearring fan de diken. Der wurdt dien wat noadich is, mar wol sa sunich mooglik. It hinget ek of fan it waar, as it flink winter wurdt is der mear underhald noadich. De oare deis is der in petear op it provinsjehus oer in pilot yn de Hallumerhoek en it Noardwesttangint. Besjoen sil wurde hoe't de ferkearsstreamen aanst rinne sil. De PvdA hat gelyk mei de opmerking oer it bedrach, dit sil oanpast wurde. It 2e punt fan it beslut is eins wol de essinsje fan it beslut oangeande de klinkerdiken. Twadde termyn

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 43