De heer Kielstra (WD) is het eens met het voorstel, er is genoeg gepraat, er moet nu doorgepakt worden. Het is een goed voorstel en doet recht aan de oplossing van de problematische parkeersituatie bij de AH. De gemeente heeft bovendien al een voorschot genomen op de opbrengst van de verkoop van de grond. De hear Van der Werff (PvdA) giet it benammen om de wurkwize, der soe nochris nei sjoen wurde moatte. Hy pleitet derfoar om te begjinnen mei it by-elkoar roppen fan alle belanghawwenden, foardat der bygelyks tekeningen op tafel komme. Boargerpartisipaasje is om mei-elkoar wat ta stan te bringen. De ried beslut uteinlik. Miskyn is it goed om it beslut noch in moanne ut te stellen om de petearen mei de omwenners of te wachtsjen. De hear Tuininga (FNP) is bliid mei it oersjoch, mar fynt dat der no in beslut nommen wurde moat. Boargers binne mansk genoch om de polityk te benaderjen en dat is net bard. De transaksje is geunstich foar de gemeente, der kin in keunstgersfjild fan oanlein wurde en dan bliuwt der ek noch wat oer. De FNP wol dizze jun in beslut nimme en dan kin demei oer de ranebetingsten noch oerlis komme mei de omwenners en eventueel de hear Wassenaar fan de Albert Heijn. Wassenaar wol der oan alle kanten oan meiwurkje. Wethalder Keizer hat de bewenners witte litten dat it goed is dat der dizze jun in beslut nommen wurdt oer de planologyske proseduere, mar dat demei der noch romte is foar oerlis mei de boargers. Der is posityf op reagearre en ek op de suggestje om de hear Wassenaar derby ut te noegjen. Dit petear oer de ranebetingsten sil nei Aid en Nij pland wurde. Yn reaksje op de PvdA seit hy dat de wurkwize yn de kommisje romtlike plannen nochris bepraten wurde sil. As de gemeente ofwykt fan de oerienkomst mei Wassenaar, dan kin de gemeente it ferwyt krije dat it fertrouwensbegjinsel skeind wurdt. Juridysk sjoen is der gjin romte om dat wer iepen te brekken. It stik dat fan it park of moat is lytser as dat GBL tinkt, der moat mjitten wurde fan de utrit of en dy leit oars as dat earder op de tekening stie. Fan de wurdfierder fan de beswiermakkers hat hy begrepen dat der begryp is dat de ried dizze jun in beslut nimt en dat der oer de ranebetingsten noch te praten fait. Ien en oar hat yndied lang duorre, ek omdat oan de nije ynrjochting fan it park noch wer sleutele wurde moast fanwege argeologyske beswieren. It kolleezje wol no graach troch en is bliid dat guon fraksjes dat ek wolle. Tweede termiin Op verzoek van de PvdA wordt de vergadering geschorst. De voorzitter heropent de vergadering. De hear Van der Werff (PvdA) seit dat de PvdA dochs akkoart giet mei it foarstel, mar derby bliuwt dat de gemeente ta moat op in nije wurkwize. Hy is dan ek wiis mei it foarstel fan de wethalder en soe it ek noch wo Iris yn in BOT-sessy besprekke wolle. De PvdA wol graach it ferslach ha fan it petear mei de beswiermakkers oer de ranebetingsten. It liket him goed ta om de ofspraken ek op papier te setten, sadat der foar letter gjin misferstannen oer untstean kinne. De hear Tilma (CD A) fynt dat de ried it him sels oanrekkenje kin dat it sa fier kommen is. De ried kin de buert net kwea of nimme dat dy net krekt wit hoe't de prosedueres binne oangeande riedsfoarstellen en skriftlike fragen fan boargers. It oerlis mei de boargers yn jannewaris moat wol wer wat foarstelle. It CDA is ree om eventueel wizigings yn it beslut oan

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 50