LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 14 febrewaris 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 10. Foaruntwerp bestimmingsplan Butengebiet en de doarpen De hear L. Tilma (CDA): It CDA giet akkoart mei it no foar ynspraak frijjaan fan it bestimmingsplan. Mei de reklamekampanje en it halden fan ynrinjunen kin it CDA fan herte ynstimme. De hear Van Diggelen (WD): De WD kan ook met het voorstel instemmen. Men is ook blij met de flyer en de inloopavonden. Het moet helaas wel weer heel erg snel. De hear Dijkstra (FNP): Der sit in flater yn it foaruntwerp. Der stiet 'de regelgeving bestemmingsplan butengebiet en doarpen is afgestemd op de regelgeving van het nieuwe bestemmingsplan voor geheel Stiens Yn dat leste bestimmingsplan wurdt gelokkich net mear oer dakhellingen en datsoart saken praat, mar yn dit stik al. It moat dus earst yn oerienstimming mei-inoar brocht wurde. It moat fierder sa gau mooglik de ynspraak yn. De hear P.van der Werff (PvdA): De PvdA is akkoart, mar hat in fraach oer de aard fan de ynrinjunen. Sit der in programma achter, want oars hat it net safolle sin om der by te sitten. Wethalder Keizer: De ferwizing nei it bestimmingsplan Stiens doarp is yndied net krekt. It is it foamimmen om dat derut te heljen. Der sit gjin programma fest oan de ynrinjunen, mar it liket him in goede saak dat de riedsleden der har ljocht opstekke. Hy is bliid mei de positive untfangst. Twadde termyn De hear Ekas (GBL): Hij kan de woorden van de wethouder onderstrepen om als raadsleden/commissieleden belangstelling te tonen. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 62