LEEUWARDERADEEL
GEMEENTE
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 25 april
2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens.
12. Moasje koalysje oangeande it ferlet fan in keunstgersfjild foar fuotbalferiening
DTD
De hear Dijkstra (FNP): DTD wol helderheid oer in keunstgersfjild. Hy lest de moasje foar.
"De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn de gearkomste fan 25 april 2013,
Hy foeget der noch oan ta dat yn Britsum en Stiens al keunstgersfjilden kommen binne en dat
DTD in behoarlike utstrieling hat.
De hear De Kroon (PvdA): Tige tank foar it oanfiterjen fan it kolleezje. Mar as der kosten
achterwei komme, ferwachtet er wer in moasje fan de koalysje.
yn omtinken nimmend dat: al jierren lang vv DTD har behelpe moat mei unfoldwaande
kwaliteit fan de treningsmooglikheden,
dit in unevenredige druk leit op de beskikbere gersfjilden,
dertroch de kwaliteit en dermei de bespylberens fan de
gersmatte te winskjen oerlit,
konstatearjend dat:
fersiket it kolleezje:
vv DTD yn maart 2010 al in oanfraach dien hat by de
gemeente foar in keunstgers(trenings)fjild,
de kwaliteit fan it hjoeddeiske treningsfjild sadanich is dat der
gauris utwykt wurde moat nei de wedstrydfjilden,
de maten fan it hjoeddeiske treningsfjild net tarikkend binne en
ek net as sadanich te meitsjen binne dat der wedstrydtrenings
op halden wurde kinne,
yn oerlis mei vv DTD te kommen ta utwurking fan de
mooglikheden om in folweardich wedtrydkeunstgersfjild oan
te lizzen,
it advys fan de KNVB d.d. 27 maart 2013 hjirby te beluken,
en giet oer ta de oarderfan de dei.
Ondertekend op 25 april 2013 door:
fraksie GBL
R.A. Ketellapper
W. Ekas
L.G.G.P. Hermans
fraksie FNP
F.D. Dykstra
J.W. Tuininga
H. Hansma
fraksie CPA
J.E. Keuning
H. de Jager