De hear Tuininga (FNP): De sesje wie foar de FNP dudlik. Men moat oan it minimale foldwaan. By it nije GRP sil de FNP der wol op weromkomme. Wethalder Keizer: It is yndied in sobere utfiering. Men moat it in plak jaan yn it nije GRP. It CDA wol fierder gean as allinne in mjitnet. Hy tinkt net dat men der mei 1000 euro mei klear is. In grunwettermjitnet is nedich om te witten wat der spilet. It moat in goed plak krije foar it GRP fan 2015 en fierder. Twadde termvn De hear P.van der Werff (PvdA): De kosten sille by de rioelrjochten underbrocht wurde. Alle kearen sil der in kar makke wurde moatte. De hear L. Tilma (CDA): It CDA is bang dat it mjitnet gjin bydrage levert oan it opheffen fan it grunwetterprobleem, omdat der ek oare faktoaren spylje. Men kin der better yntegraal wat oan dwaan. Wethalder Keizer: De resultaten fan it grunwettermjitnet moatte de input weze foar de fierdere oanpak. Men moat der no mei oan de gong. De hear Ekas (GBL): De rioollasten zullen omhooggaan. Is er met dit soort activiteiten in eerdere ramingen al rekening gehouden? Wethalder Keizer: Nee. Dat komt der noch boppe op. De hear L. Tilma (CDA): Wat kostet it undersyk? Wethalder Keizer: Hy sil mei ynformaasje by de ried weromkomme as er dat wit. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 12.Bouoardering Ljouwerteradiel, oanpassing fan kest 2.1.5. De hear L. Tilma (CDA): De oanpassing is op syn plak. Unnedige, hege kosten wurde dermei tefoaren kommen. De rol fan de amtner wurdt grutter en belangriker en freget dus wol deskundichheid. It CDA is ynnommen mei dit bettere maatwurk. De hear Dijkstra (FNP): It is in kreative oplossing en dy moat altyd weze. Wethalder Keizer: Men sil derop tasjen dat de deskundichheid op peil bliuwt. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 13.Veiligheidsregio Fryslan, wiziging mienskiplike regeling De hear L. Tilma (CDA): Yn grutte halen is it CDA it iens mei it foarstel. It DB wurdt foarme troch boargemasters en wethalders. Kin dat neist it deistich bestjoer fan in gemeente? By punt 4 stiet u.o. 'de belasting van de huidige directeur heeft zijn grenzen'. Sjoch dan ek eefkes nei de leden fan it DB. It hat gjin finansjele konsekwinsjes. Doocht dat? It CDA is der wiis mei dat men de leden 1 oant en mei 3 fan artikel 1 foar de wet op de mienskiplike regelingen yn acht nommen hat. 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 15