g r G E M E E N T E r Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 4 july 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 15. Feststellen bestimmingsplan butengebiet en doarpen en plan MER De hear Ekas (GBL): De commissie Ruimtelijke Ordening heeft het beoordeeld en men heeft hierover een avond georganiseerd, waarin de zienswijzen nog eens onder de loep zijn genomen. Het nieuwe bestemmingsplan biedt meer ruimte dan het oude en de afdeling Ruimtelijke Ordening heeft zich ook positief opgesteld. Er is nog een aantal zaken genoteerd en deze zijn verwerkt in de reactienota. De hear L. Tilma (CDA): Der wienen mear as 50 reaksjes op it foaruntwerpbestimmingsplan. No binne der noch 20 sjenwizen op it untwerpbestimmingsplan binnenkommen. It plan is dertroch op punten noch oanpast. De reaksjes fan de minsken dy't der tichtby by belutsen binne, binne krusjaal. De amtners hawwe de saken goed oppakt. De wurkwize wie foar him iepen en begryplik. Hulde oan de amtners. Yn syn eagen is de boarger rjocht dien oangeande de ynbrochte opmerkingen. It CDA kin dermei ynstimme. De hear Van Diggelen (WD): De heer Ekas heeft de werkwijze van de commissie goed toegelicht. De WD kan ermee instemmen. De hear P.van der Werff (PvdA): De PvdA is posityf oer it bestimmingsplan. Der sit him lykwols ien ding tige yn 'e wei. De reklamant hat it gefoel dat der wat bart as men in sjenwize jun hat. Nei de romtlike kommisje bart der lykwols neat. Men wit net goed wer't men op ynsprekke moat. It is in iepenbier stik en derom hie de reklamant op de hichte steld wurde moatten fan wat de ried fan de ynbrochte reaksjes fynt. Dan hienen de reklamanten it better oan tiid han om har derop ta te rieden. Dy kommunikaasje moat better. Sa'n service moat men dochs biede kinne. De hear Dijkstra (FNP): Der hawwe aardich wat minsken west by de hearkommisje. De FNP kin mei de wizigingen ut de fuotten. Wa't it der net mei iens is, kin straks beswier meitsje. Wethalder Keizer: Der is brede ynstimming. De kommisje hat 18 juny by-inoar west. Der hat nei de kommisje gjin reklamant by de ofdieling oan de bel lutsen. Hy ferwachtet fan minsken dy't beswier meitsje dat dy ek aktyf de saak folgje. Der hat dizze middei noch wol in petear west mei in reklamant oer in sjenwize. Twadde termyn De hear P.van der Werff (PvdA): Men moat de minsken minimaal derfan op 'e hichte bringe wat de folgjende stap is. De minsken hienen in briefke krije kinnen dat de reaksjenota der is. 22

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 181