LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 juny 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju U.C. de Voogd (PvdA), C.G. Bijsterbosch (PvdA), R. van der Meulen (WD) en de hearen J.E. Keuning (CDA), L. Tilma (CDA), H. de Jager (CDA), D. van Diggelen (WD), H. de Kroon (PvdA), P. van der Werff (PvdA), F. D.Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), H. Hansma (FNP), R.A. Ketellapper (GBL), W.F. Ekas (GBL) en L.G.G.P. Hermans (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear J.R.A. Boertjens (boargemaster), mefrou A. Wachter-van Veen (wethalder) en de hearen M. de Haan (wethalder) en J.S. Keizer (wethalder). Griffier: mefrou G. J. Olthof. 1. Iepening en meidieling foarsitter De voorzitter opent de vergadering en heet iedereen welkom. Hij feliciteert de heer De Kroon met zijn verjaardag. 2. Feststellen wurklist De agenda wordt ongewijzigd vastgesteld. 3. Ynsprekrjocht boargers Der binne gjin ynsprekkers. 4. Fragehealoere riedsleden De hear H. Hansma (FNP): Hy hat it troch grutte drokte net oan tiid han om syn fraach skriftlik foar te lizzen. It meanen fan de sportfjilden troch de BV Sport fynt nei tefredenheid plak. It giet no lykwols om de groei fan it gers. In feriening (DTD) woe de fjilden bereine. Op dat fersyk krige men it antwurd fan de gemeente dat men der gjin tiid en minsken foar hie. It keatsfjild yn Stiens is earm en men hat it fersyk dien om keunstdong oer it fjild te struien. Dat koe lykwols neffens de gemeente op grun fan de jierplanning no net. Goed underhald is behald; de natoer is baas en de jierplanning is neffens de FNP net hillich. De earste sneed gers wie fjouwer wike letter as gewoan en derom is in keatswedstriid ferfallen. Frijwilligers woenen wol helpe by it bereinen en struien en sa is it doe uteinlik ek bard. De FNP fynt it in frjemde gong fan saken en wol witte hoe't it kolleezje der fierder mei omgiet. Wethalder Wachter: Om een goed antwoord te kunnen geven op de vraag zal zij navraag moeten doen bij de organisatie, daama komt er een schriftelijk antwoord naar de raad. De hear H. Hansma (FNP): De saak wie neffens de FNP wichtich genoch om yn te bringen. Men ferwachtet op koarte termyn in antwurd.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 4