GEMEENTE
Leeuwarderadeel
Underwerp:
Riedsgearkomste Stiens, 26 augustus 2013
Achte leden fan 'e Rie,
ik noegje jimme ut om de riedsgearkomste fan 5 septimber 2013 by te wenjen.
De wurklist en bybehearrende stikken treffe jimme hjirby oan.
Alle stikken lizze op gebruklike wize op besjen yn de leskeamer fan it gemeentehus.
De wurklist mei utstellen leit foar eltse belangstellende op besjen yn de hal fan it gemeentehus
en de iepenbiere bibleteek yn Stiens.
De gearkomste wurdt halden yn it gemeentehus fan Stiens en begjint om 19.30 oere.
De boargemaster,
Drs. Joop R.A. Boertjens
Nr. fan de
wurklist
1. lepening en meidielings foarsitter
2. Feststellen wurklist
3. Ynsprekrjocht boargers
w4. Fragehealoere riedsleden
5. Feststellen ferslach fan 4 july 2013
YNFORMEARJEND UNDERDIEL
6. Ynkommen stikken (lizze op besjen)
WURKLIST Nr. fan it
utstel
Kest 25a. (RfO) Boargers kinne mei-inoar maksimaal 30 minuten it wurdfiere oer underwerpen dy't op 'e aginda steane.
Alle sprekkers krije net longer as fiif minuten. Ynsprekkers moatte dat op syn lest oant 24 oerenfoar it
begjin fan de gearkomste oan de griffier meld hawwe
Kest 40 (RfO) As in lid fan 'e ried yn de fragehealoere fragen stelle wot, moat dit mei oantsjutting fan
it underwerp op syn minst 12 oeren fan te foaren meldt wurde by de foarsitter. Neffens de ofspraken
dy't makke binne kin in riedslid yn't plakfan de foarsitter ek de griffier op de hichte stelle.
Kest 19 (RfO) Tekstwizigings kinne foar it begjin fan de gearkomste yntsjinne of oankundige
wurde by de griffier.
Kest 20 (RfO) In riedslid kin oant 12 oere foar it begjin fan de gearkomste oan
de griffier trochjaan oer hokker Ynkommen Stikken hy ofsy it wurdfiere wol.