3 r IGEMEENTE I r m Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 5 septimber 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear P. van der Graaf (eigenaar Plantencentrum Van der Graaf) sprekt yn op agindapunt 11: Hy wol yntiids wat sizze oer de winkeltidewet (utwreiding keapsneinen). De antwurden fan in amtner en in politike partij stelden him net gerest. In tal winkels is op bepaalde feestdagen al iepen. Hy hat sels ien kear om untheffing frege, mar dernei net mear. Hy wiist ek op de situaasje yn Ljouwert. Der moat men net by achterbliuwe. Winkeljen hat ek in sosjale funksje. Hy fynt dat de gemeente gjin beheinings oplizze moat. De ried soe derom de frijstellings utwreidzje moatte, benammen foar de hjeldagen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 58