I GEMEENTE Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 5 septimber 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear B. Reitsma (afdeling LTO Noord /Leeuwarderadeel) sprekt yn op agindapunt 12: It giet om de wynmunen dy't hjir en der yn it butengebiet steane. Der soenen neffens it foarnimmen 'tot wijziging van het bestemmingsplan' eins gjin mooglikheden weze om dy munen op te wurdearjen, omdat de provinsje it foarnimmen hawwe soe om dat te blokkearjen. De LTO hat der muoite mei dat der al belied makke wurdt op 'voornemens' fan hegere oerheden. Wat binne de mooglikheden fan in eventuele proseduere byferfanging troch in mune mei in hegere opbringst? De gemeente moat net foarutrinne op saken dy't noch net definityf festlein binne. De hear P.van der Werff (PvdA): Neffens him leit der no in stik foar dat krekt it tsjinoerstelde foar eagen hat. De provinsje jout in reaktive oanwizing. Wethalder Keizer: De provinsje hat de goedkarring unthalden oan ferfanging fan wynmunen troch munen mei in hegere tiphichte. DS wol sokke munen net tastean. Dertsjin kin de gemeente yn beswier gean. It kolleezje stelt lykwols foar om dat net te dwaan. De hear Reitsma: De konkluzje fan de LTO is om dat beswier no krekt wol te meitsjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 63