8. Meidielings fan it kolleezje fan B&W oan 'e ried Wethalder Keizer: Miskien besiket men by it Noardwesttangint dochs op de tradisjonele wize te fundearjen sadat de dyk yn alle gefallen yn novimber klear is. Opiniearjend underdiel Hammerstikken ut opiniearjend underdiel 9. Kadernota 2014 De hear Keuning (CDA): Men hat earderfrege om koartere kadernota's. Dizze is wol hiel koart. It is de fraach hoe't it mei Nieuwe Borg komt. Der is in behoarlike tafaller fan 9 ton. It kolleezje wol oergean op weroerwagings fan besletten besparrings. Der steane lykwols nochal wat pm-posten yn de kadernota. Dat jout in stik Onwissichheid. De besparring op de Skalm wol it kolleezje weromdraaie. De hiele 135.000 euro moat neffens it CDA net weromdraaid wurde want der komt straks wat romte yn de personiele sfear. Wol is it CDA akkoart mei it weromdraaien fan de besuniging by de ferbune partijen. It CDA kin net akkoart gean mei it weromdraaien fan de besparring op de sportfjilden fanwegen de opsette gearwurking mei BV Sport. As troch it leger meitsjen fan de tariven de sporters goedkeaper har sport beoefenje kinne dan is dat punt akkoart. De besuniging foar de biblioteek mei foar it CDA wol weromdraaid wurde. It CDA fynt it ek prima dat de besunigingen op de diken, en bregen en gebouwen derof geane. De besuniging op iepenbier grien moat net weromdraaid wurde. Yn programma 8 wurdt praat oer de ynset fan BOA's. Doch dat yn gearwurking mei Ljouwert. De hear De Kroon (PvdA): It is in typyske kadernota. Der sit gjin fisy op de takomst yn en der is gjin nij belied. It kolleezje wol dat oerlitte oan it nije kolleezje oer 9 moannen. It kolleezje docht somber oer de finansjele takomst, mar ferbynt der gjin konsekwinsjes oan. It is net sterk om wol te warskogjen foar grutte tsjinfallers en der yn de kadernota neat foar op te nimmen. De meifaller foar 2014 wurdt foar in grut part brukt foar it weromdraaien fan besunigingen. It binne krekt dy saken der't it kolleezje net yn slagge is om dy besunigingen ut te fieren. Der is u.o. nochal wat snijd yn de underwiisbegelieding, yn de subsydzjes op de jeugdsport en it minimabelied. It kolleezje kiest neffens him foar de maklikste wei. Oan de pm-posten wurde gjin bedraggen keppele. Dy pm-posten binne eins tikjende tiidbommen. Op grun fan de troch him neamde 3 arguminten fynt er it net in goede kadernota. Dan giet er yn op it listke fan weroerwagings. By de Skalm is der te min ferskil tusken it wolwezenswurk en it gebou. Men moat besykje de besunigingen der te finen yn it gebou. De besuniging op de ferbune partijen moat hanthavene wurde en men moat der mei de oare partijen mear wurk fan meitsje om goedkeaper te wurkjen. Datselde jildt ek foar de besuniging op sport. De besunigingsopdracht is noch net utfierd. It kolleezje soe de gearwurking mei BV Sport Ondersykje. Itselde jildt foar de tariven. Dy sille op en doer wol oanslute moatte by dy fan Ljouwert. It bedrach yn de begrutting foar de biblioteek is te min. Der soe finansjele romte (sa'n goed 20.000 euro) foar makke wurde moatte om de biblioteek foar Stiens te behalden. De ried hat besletten ta de besuniging op de diken en gebouwen. Neffens it kolleezje koe de taakstellende besuniging foar diken, bregen en gebouwen helle wurde. Derom moat men dy besuniging hanthavenje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 8