3 m GEMEENTE fm Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 26 septimber 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju U.C. de Voogd (PvdA), C.G. Bijsterbosch (PvdA) en R. van der Meulen (WD) en de hearen J.E. Keuning (CDA), L. Tilma (CDA), H. de Jager (CDA), D. van Diggelen (WD), H. de Kroon (PvdA), P. van der Werff (PvdA), F. D. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), H. Hansma (FNP), R.A. Ketellapper (GBL) en W.F. Ekas (GBL). 9. Bestjoerlike takomst Ljouwerteradiel De hear Keuning (CDA): Men moat goed de oanbefellings fan Boarnsterhim foar eagen halde en derom moat men it goed oan tiid dwaan. De boargers hawwe ek de datum fan 1 jannewaris 2018 yn de holle sitten. It CDA hat gjin problemen mei de fuzje fan Westergo op 1 jannewaris 2016. De hear De Kroon (PvdA): It is yn it foarste plak in fraach fan de buorgemeenten. As men meiwurkje kin oan harren fersyk om de fuzje sa flot mooglik plakfine te litten, dan soe men soks dwaan moatte. Hy giet yn op in tal untwikkelingen yn it ferline yn Middelseeferban. By de plannen foar Noardwest is doedestiids praat oer in datum fan 2015. No't de kar makke is foar Ljouwert is der yn syn eagen it leste healjier net in protte bard. Neffens de PvdA soe men dan ek earder fusearje moatte as 2018. Der hat Ljouwerteradiel sels ek in belang by. Fansels moat dy fuzje wol soarchfaldich taret wurde. Mids 2015 moat der dan wol in weryndielingsbeslut yn Den Haach foarlizze, as men yn 2017 fusearje wol. Mefrou Van der Meulen (WD): De WD is zich bewust van de haast bij de andere gemeenten, maar de zorgvuldigheid blijft voor haar uiterst belangrijk. Wat zijn de voordelen en nadelen van een fusie in 2017 tegenover een fusie in 2018? Heeft men daarover al contact gehad met Leeuwarden en Littenseradiel? De hear Dijkstra (FNP): De provinsje woe hawwe dat Ljouwerteradiel by Ljouwert kaam. De utslach fan it referindum joech oan dat de kar foar Ljouwert makke waard, mei as datum 1 jannewaris 2018. No komt der in brief fan de eardere Middelseepartners. De hear De Kroon (PvdA): Hy wiist derop dat it in brief is fan de Noardwest-partners. De foarsitter: Ter verduidelijking geeft hij aan dat er twee brieven voorliggen; een van de provincie en een van de 'Westergo-gemeenten'. De hear Dijkstra (FNP): Der sitte dus ek eardere Middelseegemeenten yn. Boarnsterhim hat der ek op wiisd om goed tiid foar de tarieding te nimmen. Sagau't it weryndielingsbeslut der leit, hat de ried neat mear te sizzen. De FNP haldt dus fest oan 1 jannewaris 2018. De hear Ekas (GBL): Het is verbazingwekkend hoe gauw standpunten kunnen muteren. In de oude situatie van de Middelseegemeenten werd erop gehamerd om ruim de tijd te nemen 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 26