3 GEMEENTE f m Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 26 septimber 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 11 Oerdracht Stienzer Feart fan de Dokkumer le oant Kletsefeart oan de Provinsje De hear L. Tilma (CDA): Hy sprekt noch syn tank ut dat de ried it stik opskowe woe en hy der sa noch wat fan sizze kin. De provinsje sil soargje foar de djipte en dat hat men as gemeente ek nedich mei it each op de rekreaasje. De haven Britsum jout oan dat der wol behoefte oan is. Mar hoe is de ferhalding tusken it eigendom fan de gemeente en it utdjipjen troch de provinsje? Hy tinkt derby u.m. oan de walskanten en de keunstwurken. De hear P.van der Werff (PvdA): Dat leste wol de PvdA ek graach witte. De Stienzer Feart is yn 2008/2009 utbaggere foar de bettere trochstreaming. It giet no om de trochfardjipte. Men hat gjin oare kar as dermei akkoart te gean. De hear H. Hansma (FNP): Men moat it farwetter skjin opleverje. It is in ynvestearing yn de takomst. De FNP kin har yn it foarstel fine ek omdat yn de takomst de provinsje it underhalde moat. De hear Van Diggeien (WD): De WD vindt het een goed voorstel. Het traject moet bevaarbaar zijn en het moet schoon opgeleverd worden. De hear Ekas (GBL): Er valt een last van Leeuwarderadeel af voor de toekomst. GBL kan ermee akkoord gaan. Wethalder Keizer: De provinsje moat de farwegen baggerje en is dan ek ferantwurdlik as der wat mei de keunstwurken of oevers bart. Hy is bliid mei de positive benadering fan de ried. Twadde termyn De hear L. Tilma (CDA): Men jout eins de opdracht oan de provinsje om it wetter op djipte te halden. Mar hoe sit it dan krekt mei de ferantwurdlikheid as eigner? It CDA is akkoart mei de ofkeapsom. De hear Ekas (GBL): Volgens hem komt de verantwoordelijkheid bij de provincie te liggen. Wethalder Keizer: De provinsje is farweibehearder en dermei ferantwurdlik. Hy sil der lykwols nochris goed nei sjen. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 39