3. Ynsprekrjocht boargers De hear P. van der Graaf (eigenaar Plantencentrum Van der Graaf) sprekt yn op agindapunt 11: Hy wol yntiids wat sizze oer de winkeltidewet (utwreiding keapsneinen). De antwurden fan in amtner en in politike partij stelden him net gerest. In tal winkels is op bepaalde feestdagen al iepen. Hy hat sels ien kear om untheffing frege, mar dernei net mear. Hy wiist ek op de situaasje yn Ljouwert. Der moat men net by achterbliuwe. Winkeljen hat ek in sosjale funksje. Hy fynt dat de gemeente gjin beheinings oplizze moat. De ried soe derom de frijstellings utwreidzje moatte, benammen foar de hjeldagen. De hear B. Reitsma (afdeling LTO Noord /Leeuwarderadeel) sprekt yn op agindapunt 12: It giet om de wynmunen dy't hjir en der yn it butengebiet steane. Der soenen neffens it foarnimmen 'tot wijziging van het bestemmingsplan' eins gjin mooglikheden weze om dy mOnen op te wurdearjen, omdat de provinsje it foarnimmen hawwe soe om dat te blokkearjen. De LTO hat der muoite mei dat der al belied makke wurdt op 'voornemens' fan hegere oerheden. Wat binne de mooglikheden fan in eventuele proseduere by ferfanging troch in mOne mei in hegere opbringst? De gemeente moat net foarutrinne op saken dy't noch net definityf festlein binne. De hear P.van der Werff (PvdA): Neffens him leit der no in stik foar dat krekt it tsjinoerstelde foar eagen hat. De provinsje jout in reaktive oanwizing. Wethalder Keizer: De provinsje hat de goedkarring unthalden oan ferfanging fan wynmunen troch munen mei in hegere tiphichte. DS wol sokke munen net tastean. Dertsjin kin de gemeente yn beswier gean. It kolleezje stelt lykwols foar om dat net te dwaan. De hear Reitsma: De konkluzje fan de LTO is om dat beswier no krekt wol te meitsjen. 4. Fragehealoere riedsleden De hear Ketellapper(GBL): Der hat in petear plakfun tusken Nieuwe Borg en it kolleezje. Hy wol der graach oer ynformearre wurde. De frachtwein fan de gemeente is oan ferfanging ta. It kolleezje is mei de oanskaf fan in nije frachtwein akkoart. Dat is him te koart troch de bocht, ek mei it each op de takomstige situaasje. Der komme ek in protte goede twaddehans weinen op de merk. Sjoch der eventueel ek ris nei. Boargemaster Boertjens: De vragen van de heer Ketellapper worden schriftelijk beantwoord. De hear Hermans (GBL): Hij wil graag dat er een lijn getrokken wordt met betrekking tot de termijnen voor het stellen van vragen. Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Zij sluit zich hierbij aan. De foarsitter: Hij zegt toe dat het punt in het presidium besproken zal worden. 5. Feststellen ferslach fan 4 july 2013 De hear Dijkstra (FNP): Yn it ferslach op side 15 de tekst "De Provinsje giet der mei akkoart as

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 5