g f GEMEENTE iWl Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 12 desimber 2013 om 17.00 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 13.Streekagenda Noardwest Fryslan De hear Hermans (GBL): Men moet 9.300 euro extra beschikbaar stellen. In totaal komt men op een bedrag van zo'n 4 ton voor huisvestings- en organisatiekosten. Zijn er activiteiten van de streekagenda in opgenomen of komen die kosten er nog bij? Ferwerderadiel mist hij in het stuk, terwijl die gemeente veel baat zou kunnen hebben van de streekagenda. Waarom doet die gemeente niet mee? De hear Dijkstra (FNP): It giet om it plattelan en derom is it in goede saak dat it oppakt wurdt. It jildt neffens him mar oant 1 jannewaris 2018. De hear Van der Werff (PvdA): De PvdA kin it iens weze mei de finansjes. De oanpak fan Plattelansprojekten wurdt fuortset yn de streekagenda. Dan soe men tinke kinne dat de oanpak gelyk wurdt mar dat is net sa. Sa'n 80% komt fuort ut top-down-projekten en dat is in grut ferskil mei Plattelansprojekten. Der wie it neffens him krekt oarsom. De projekten kamen by Plattelansprojekten fan underen op ut de befolking of by de gemeenten wei. It spyt him dat soks feroaret. Wa hat no eins besletten oerde oandroegen projekten? It heucht him dat men ien oftwa kear utnoege is foar in ynformaasjegearkomste en no moat men beslute oer al feststelde projekten. Ljouwerteradiel soe bygelyks wat mei de spoarbaan dwaan wolle. De hear Tilma (CDA): It CDA fynt it spitich dat der pas yn 2012 in stjoergroep gearsteld is en net in jier earder. It oergongsjier jout nochal wat undudlikheden. De projekten moatte op ymprovisaasjebasis regele wurde. De mienskiplike projekten binne op harsels wol akseptabel mar it is net alhiel dudlik wer't it ynbrochte jild foar tsjinje moat. Mefrou Van der Meulen (WD): In het advies van het college staat dat financien voorstelde dat de bijdragen eerlijker over de gemeenten verdeeld werden. Heeft men daar nog iets mee gedaan? Komt men er met een top-down-aanpak van 80% niet bekaaid af? Is er nog een reactie van het college op de streekagenda gekomen? Wethalder Keizer: It giet om in protte jild. De provinsje betellet 75% foar de husfesting en de organisaasje. De beboude kom fan Ljouwert docht net mei. Der is yndied in grut ferskil tusken Plattelansprojekten en de streekaginda. Der komt ut Europa gans minder jild. Uteinlik hat ek it platfoarm Plattelansprojekten grien Ijocht jun omdat men gjin fersnippering woe. De grins tusken 80% en 20% leit net skerp. Men moedigt DB's oan om mei projekten te kommen. Men kin yn ien jier maklik in transysje fan Plattelansprojekten nei de streekaginda meitsje. Der hawwe hiel wat gearkomsten west om ta dit resultaat te kommen. Der wie ek wol argewaasje dat der te min bottom-up oankaart waard. Men woe it regionaal, grinsoerstiigjend en tematysk halde. Ferwerderadiel sit fan it begjin of al by Noardeast. Boarnsterhim en Ljouwerteradiel binne nei Noardwest taskood. Men hoecht as kolleezje net te reagearjen as men it dermei iens is. 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 61