Twadde termyn De hear Van der Werff (PvdA): Hy kin him yntinke dat men each hat foar gruttere projekten as der minder jild beskikber is. It heucht him dat gemeenten earder jild stutsen yn dudlik foarleine Plattelansprojekten. Dat is hjir neffens him net bard. Wat stiet oan projekten foar 2014 op priemmen der't Ljouwerteradiel mei akkoart giet as men dit stik goedkart? De hear Tilma (CDA): It is him net dudlik wer't it jild no krekt hinne giet. Wethalder Keizer: It is de bydrage oan de husfestings- en organisaasjekosten (het Streekhuis). Der dogge 7 gemeenten oan mei. Earder joech men in bydrage per ynwenner. Foar elk projekt komt men apart nei de ried ta. De hear Van der Werff (PvdA): Foar syn gefoel sit men mei de streekaginda wat yn in spagaat. Wethalder Keizer: Hy noeget de hear Van der Werff dan ut om by de begrutting foar 2015 jild te reservearen foar streekprojekten. Alle neamde projekten binne noch net klear foar utfiering. De hear Van der Werff (PvdA): Der stiet oars wol yn it stik dat it foar 2014 'uitvoeringsgereed' is. Wethalder Keizer: Neffens him kloppet dat net hielendal. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 62