De hear Dijkstra (FNP): It giet om it plattelan en derom is it in goede saak dat it oppakt wurdt. It jildt neffens him mar oant 1 jannewaris 2018. De hear Van der Werff (PvdA): De PvdA kin it iens weze mei de finansjes. De oanpak fan Plattelansprojekten wurdt fuortset yn de streekagenda. Dan soe men tinke kinne dat de oanpak gelyk wurdt mar dat is net sa. Sa'n 80% komt fuort ut top-down-projekten en dat is in grut ferskil mei Plattelansprojekten. Der wie it neffens him krekt oarsom. De projekten kamen by Plattelansprojekten fan underen op ut de befolking of by de gemeenten wei. It spyt him dat soks feroaret. Wa hat no eins besletten oer de oandroegen projekten? It heucht him dat men ien of twa kear utnoege is foar in ynformaasjegearkomste en no moat men beslute oer al feststelde projekten. Ljouwerteradiel soe bygelyks wat mei de spoarbaan dwaan wolle. De hear Tilma (CDA): It CDA fynt it spitich dat der pas yn 2012 in stjoergroep gearsteld is en net in jier earder. It oergongsjier jout nochal wat undudlikheden. De projekten moatte op ymprovisaasjebasis regele wurde. De mienskiplike projekten binne op harsels wol akseptabel mar it is net alhiel dudlik wer't it ynbrochte jild foar tsjinje moat. Mefrou Van der Meulen (WD): In het advies van het college staat dat financien voorstelde dat de bijdragen eerlijker over de gemeenten verdeeld werden. Heeft men daar nog iets mee gedaan? Komt men er met een top-down-aanpak van 80% niet bekaaid af? Is er nog een reactie van het college op de streekagenda gekomen? Wethalder Keizer: It giet om in protte jild. De provinsje betellet 75% foar de husfesting en de organisaasje. De beboude kom fan Ljouwert docht net mei. Der is yndied in grut ferskil tusken Plattelansprojekten en de streekaginda. Der komt ut Europa gans minder jild. Uteinlik hat ek it platfoarm Plattelansprojekten grien Ijocht jun omdat men gjin fersnippering woe. De grins tusken 80% en 20% leit net skerp. Men moedigt DB's oan om mei projekten te kommen. Men kin yn ien jier maklik in transysje fan Plattelansprojekten nei de streekaginda meitsje. Der hawwe hiel wat gearkomsten west om ta dit resultaat te kommen. Der wie ek wol argewaasje dat der te min bottom-up oankaart waard. Men woe it regionaal, grinsoerstiigjend en tematysk halde. Ferwerderadiel sit fan it begjin of al by Noardeast. Boarnsterhim en Ljouwerteradiel binne nei Noardwest taskood. Men hoecht as kolleezje net te reagearjen as men it dermei iens is. Twadde termvn De hear Van der Werff (PvdA): Hy kin him yntinke dat men each hat foar gruttere projekten as der minder jild beskikber is. It heucht him dat gemeenten earder jild stutsen yn dudlik foarleine Plattelansprojekten. Dat is hjir neffens him net bard. Wat stiet oan projekten foar 2014 op priemmen der't Ljouwerteradiel mei akkoart giet as men dit stik goedkart? De hear Tilma (CDA): It is him net dudlik wer't it jild no krekt hinne giet. Wethalder Keizer: It is de bydrage oan de husfestings- en organisaasjekosten (het Streekhuis). Der dogge 7 gemeenten oan mei. Earder joech men in bydrage perynwenner. Foar elk projekt komt men apart nei de ried ta. De hear Van der Werff (PvdA): Foar syn gefoel sit men mei de streekaginda wat yn in spagaat. Wethalder Keizer: Fly noeget de hear Van der Werff dan ut om by de begrutting foar 2015 jild te reservearen foar streekprojekten. Alle neamde projekten binne noch net klear foar utfiering. 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 11