GEMEENTE Leeuwarderadeel rf.<r VERTROUWELIJK BESLOTEN DEEL Raad 20 februari 2014 Ferslach fan de sletten riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 20 febrewaris 2014 om 22.00 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju U.C. de Voogd (PvdA), C.G. Bijsterbosch (PvdA), R. van der Meulen (WD) en de hearen J.E. Keuning (CDA), H. de Jager (CDA), L. Tilma (CDA), D. van Diggelen (WD), H. de Kroon (PvdA), P. van der Werff (PvdA), F.D. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), H. Hansma (FNP), R.A. Ketellapper (GBL) en W.F. Ekas (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear J.R.A. Boertjens (boargemaster), mefrou A. Wachter-van Veen (wethalder) en de hearen M. de Haan (wethalder) en J.S. Keizer (wethalder). Griffier: mefrou G. J. Olthof. Mei kundskip ofwezich: L.G.G.P. Hermans (GBL). De foarsitter: Hij steit het punt aan de orde met betrekking tot de situatie De Steens en projectontwikkelaar Nieuwe Borg. Hij geeft wethouder Keizer het woord. Wethalder Keizer: De ried hat in beslut nommen yn 2007 oangeande in yntinsje-oerienkomst mei Nieuwe Borg. Der soe in helberheidsundersyk komme. Yn dy faze soe men gjin kontakt hawwe mei tredden. Derut is in gearwurkingsoerienkomst fuortkommen yn novimber 2008. len artikel is derby fan grut belang. Dat is artikel 8.2 dat oanjout dat de gearwurkingsoerienkomst ferfalt by surseanse of fallissemint fan de projektuntwikkelder. Fan de 21 BV's fan Nieuwe Borg binne der 3 yn surseanse en 2 fallyt. Fallyt binne Nieuwe Borg Projectmanagement en Nieuwe Borg Real Estate Development. De BV oangeande De Steens is as dochter-BV yn surseanse. En Nieuwe Borg is undertekener derfan. Partijen sille wjersidich gjin kosten yn rekken bringe oan elkoar. Men hat it juridysk noch net utsykje litten. Buro van Heijst en Partners is ynskeakele mei de opdracht om it dossier te undersykjen. Der hat amtlike konsultaasje west mei Ljouwert. De grun is fan de gemeente en de gearwurkingsoerienkomst is mei dizze gong fan saken yndied beeinige. Oare wike tongersdei is der in petear oer de kwestje mei de stjoergroep. Ek mei it doel om jin te wapenjen tsjin mooglike oanspraken fan krediteuren fia de rjochtbank fan Roermond. Der wurdt troch riedsleden nochris frege nei de krekte BV's. Wethalder Keizer: It giet om Nieuwe Borg Ontwikkeling BV; dy is yn surseanse en de BV, dy't der boppe hinget, is fallyt. Boargemaster Boertjens: Hij wijst erop dat de grond steeds op naam van de gemeente is blijven staan. Wethalder Keizer: Hy heakket der oan ta dat der noch gjin leveringskontrakt achter siet. Raad besluit in het besloten deel van de raadsvergadering van 13 maart 2014 tot openbaarheid van het verslag bijbehorende stukken en de geheimhouding per 14 maart 2014 om 00.00 uur op te heffen. 11,

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 124