De hear Keuning (CDA): It is prachtich dat men it kontrakt doedestiids net iepenbrutsen hat lykas as Nieuwe Borg woe. Sa komt men der yn syn eagen ridlik goed of. De hear Ekas (GBL): Men is nu al zeven jaar bezig. Als het zo eenvoudig ligt, waarom moet men dan een juridisch bureau inhuren? Wethalder Keizer: Neffens de earste lezing soe der neat achter weikomme. In diel fan de grun soe Nieuwe Borg lykwols miskien tsjin agraryske wearde leverje kinne oan Talant. Men wol ien en oar ofstimme hoe't it juridysk krekt yn elkoar stekt. De bewaldfierder soe it trochferkeapje kinne oan in oar. It giet dan om de goed 40 hektare dy't yn besit fan Nieuwe Borg is. De hear De Kroon (PvdA): It kontrakt liket wetterticht. Mar der bliuwt wol grun lizzen der't gjin huzen op steane. Moat men fierder wat regelje? Nieuwe Borg hat nochal wat leven makke. Hy is it op himsels iens mei de skets fan de wethalder. Yn 2008 gie men mei Nieuwe Borg yn see. De juns foar it riedsbeslut kaam der in berjocht dat pleatslike bouwers it ek wol opsette koenen. Dat wie lykwols gjin reeel plan. De hear Keuning (CDA): Hy hat begrepen dat der al oerlis west hat mei Ljouwert oer it folbouwen fan De Steens. Mar dat giet net troch. Men soe wol lytse stikjes bebouwe kinne. Wethalder Keizer: Der is doedestiids om in wenningferletundersyk frege om it konvenant te ferlingen. De lokale bouwers binne achterof bliid dat se der doe net ynstapt binne. De hear Ketellapper(GBL): Hy hat doedestiids op de jun fan it riedsbeslut de namme neamd fan Lont. Dy soe it mei de pleatslike bouwers oppakke kinne. Hy is der noch net fan oertsjuge oft de gemeente der goed ut komt. Men hie doedestiids folle mear jild krije kinnen. De hear Keuning (CDA): Het CDA heeft destijds unaniem voor Nieuwe Borg gekozen. Hem is ter ore gekomen dat er over de invulling van de Steens gesproken is en daaruit bleek dat dit nooit geheel gerealiseerd zou kunnen worden. De hear Ketellapper(GBL): Wat west hat, hat west. Pleatslike bouwers wolle der noch wol oer prate. De hear Dijkstra (FNP): De wethalder hat it punt oer de Kletsefeart oangeande de datum goed utlein. Wethalder Keizer: De fraach is oft Nieuwe Borg eigener is fan alles wat der leit. Der is al hiel wat tiid ferstrutsen. It kolleezje hat de opstelling fan Nieuwe Borg oanfield as in fertragingstechnyk. De plannen moatte dus oanpast wurde. De hear Dijkstra (FNP): De leste 3 jier wie der yndied sprake fan in fertragingstechnyk. Is der praat oer in oare ynfolling? Wethalder Keizer: Men giet ut fan in tal wenten der't in underbouwing by komme moat. It wenningferlet-undersyk moat deroer mear dudlikheid jaan. Mefrou Van der Meulen (WD): Hoe zit het met de nota's fan Atrive? Wethalder Keizer: Dat wie in QuickScan. Mefrou Van der Meulen (WD): De WD krijgt de informatie over deze zaken eerst in de krant onder ogen. Dat had anders gemoeten. 2 Raad besluit in het besloten deeI van de raadsvergadering van 13 maart 2014 tot openbaarheid van het vers lag bijbehorende stukken en de geheimhouding per 14 maart 2014 om 00.00 uur op te heffen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 125