g r GEMEENTE fm Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 maart 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 14. It feststellen fan de Oardering offier grunwetter Ljouwerteradiel 2014 De hear P.van der Werff (PvdA): Op side 2 stiet 'de verordeningsbevoegdheid omvat twee onderdelen: a) het stellen van voorwaarden aan het lozen van afvloeiend hemelwater of grondwater op of in de bodem of in een riool; b) het beeindigen van lozingen van afvloeiend hemelwater of van grondwater in een vuilwaterriool (afkoppelen). It earste punt is yn de feroardering net oan de oarder. By in 'vuilwateriool' giet it neffens him om in dubeld stelsel. As men derfan ofkeppele wurde moat dan moat men der ek wer oan festkeppele wurde. Hy snapt dan ek net de bedoeling fan de passaazje 'Het afkoppelen op particulier terrein zal plaatsvinden op kosten van de perceeleigenaar'. Wa soe der no foar kieze? Wethalder Keizer: Hy snapt de riddenearring fan de hear Van der Werff net. Under artikel 2, lid 2, stiet no in ferdudliking fan de kosten. Wat yn it iepenbiere gebiet bart, is foar rekken fan de gemeente. It jildt ek oer nijbou en dan moat der in apart rioel komme foar oansluting op it skieden rioel en dan hat de eigner wol kosten. Dat wurdt yn dit stik festlein. De hear L. Tilma (CDA): Hy wol besykje om it te ferdudlikjen foar de hear Van der Werff. Op in partikulier terrein geane smoarch en skjin wetter troch ien buis. En as der dan in dubeld rioel komt, dan moat de eigenerfoar de oansluting kosten meitsje. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 100