3m GEMEENTE ill Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 maart 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 12. Notysje enerzjybesparring iepenbiere ferljochting De hear P.van der Werff (PvdA): Hy kin him wol yn it stik fine. It komt op himsels wol wat nuver oer dat men in ekstra bedrach beskikber stelle moat foar underhald. Wat waard der no krekt bedoeld mei it 'revolving fund'? Der binne ek oare mooglikheden foar enerzjybesparring. Hy wit fan in doarp yn de gemeente dat te set is mei in enerzjykooperaasje. Kinne sokke saken kombineard wurde? De hear L. Tilma (CDA): It is in wichtich underwerp. Men wit net krekt wat de negative gefolgen binne fan it tanimmende enerzjyferlet. Hy tinkt derby ek oan de bewenners op de gasbult. Der moat jild by om minder enerzjy bruke te kinnen. Der binne ek hieltyd nijere metoades om suniger mei enerzjy om te gean. It CDA kin wol mei it stik ut de fuotten. Oanpakke as der ferfanging nedich is. It is ek goed dat foar dizze saken in sparpot oanlein wurdt. Hy fernuveret him oer ien punt: Der stiet op side 1 dat der in maksimale besparring fan 9 euro per Ijochtmest is, mar safolle kostet de enerzjy foar sa'n lampe ek foar in hiel jier. De hear Ekas (GBL): Het verhaal ziet er in technisch opzicht goed uit. Bij een daadwerkelijke aanpak zal men van hele wijken of straten moeten uitgaan. Men heeft achterstallig onderhoud waardoor storingen en de kosten daarvan toenemen. Men zal het dus wel per grotere eenheid moeten oppakken en dat kost behoorlijk veel geld. Men moet een fonds in het leven roepen om daaruit het onderhoud en de aanpak te kunnen betalen. Als het enigszins kan, moet men de 18.000 euro in de voorjaarsnota meenemen. GBL kan met de twee punten instemmen. De hear Tuininga (FNP): De ried woe besparje op it enerzjygebruk. Is der ek by oare gemeenten sjoen, lykas by Ljouwert of buorgemeenten? Is der bygelyks in mienskiplik ynkeapbelied mooglik? Wethalder Keizer: Hy is bliid mei de positive ynstek. De provinsje hat de gemeenten per regio utnoege om mei plannen te kommen yn it ramt fan de besteging fan de Nuon-jilden en der hearde it revolving fund by. It plan fan de Noardwest-gemeenten is goed untfongen. De provinsje soe lykwols it aspekt fan it revolving fund nochris besjen wolle. It stik is bedoeld as oanset ta in koerswiziging. Twadde termyn De hear Dijkstra (FNP): It bedrach kin dus ek wat minder wurde? Wethalder Keizer: Der kin er no noch gjin utslutsel oer jaan. De foarsitter: Erwordt unaniem conform hetvoorstel besloten. Beslutfoarmjend underdiel 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 44