g r I GEMEENTE
f I Leeuwarderadeel
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 24 april 2014 om
19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens.
14. It weromsjen troch de fraksjefoarsitters nei de ferkiezings fan 19 maart 2014, de
underhannelings en de foarming fan it kolleezje
De hear De Kroon (PvdA): De PvdA sjocht tefreden werom op de ferkiezingen. De koalysje-
underhannelingen binne neffens him goed ferrun. De petearen mei de hear Bijl runen derop ut om in
koalysje te undersykjen fan de PvdA, de CDA en de WD. Der leit no in goed koalysjeprogramma foar
en der binne trije kundige wethalders nei foaren skood.
De hear Brouwer (CDA): Yn febrewaris is it CDA mei de kampanje ut ein set. Men woe u.o. de eigen
identiteit mear foar it Ijocht bringe. De kiezer hat dat beleanne en dat hat in ekstra sit opsmiten. By
de koalysjefoarming hinkte it CDA op twa skonken. Men hie yn de koalysje altyd goed gearwurke mei
de FNP en GBL. De PvdA en it CDA hienen no beide in bytsje wun. Derom is men serieus yngien op it
advys fan de hear Bijl om earst in koalysje PvdA-WD-CDA te undersykjen. De koalysje petearen
wienen soms tige pittich, mar dochs is der yn syn eagen in goed programma ta stan kommen. Men
hat alle betrouwen yn de foardroegen wethalders.
De hear Ketellapper(GBL): Men hie by de foarige ferkiezingen 30 stimmen tekoart foar de 4e sit en
men hie de hope dat it no wol slagje soe. Dat is spitigernoch net bard. Trije partijen hawwe inoar by
de eardere koalysje fun. De ferhaldingen binne troch de leste ferkiezingen eins net bot feroare. It
CDA hie mar 3 stimmen mear as de FNP en kaam dertroch op 4 sitten. De hear Bijl hat him yn syn
eagen foar it karke spanne litten. Men moat as boargemaster boppe de partijen stean en dat waard
no wol gefaarlik troch de formateursrol fan de hear Boertjens. No komt der in WD-wethalder by yn it
kolleezje.
Men hie ek mei 2 wethalders ta kinnen want men wol sa gau mooglik de gearwurking mei Ljouwert
yn praktyk bringe en dat skeelt wurk. Soks is yn Menameradiel ek bard. It is spitich dat it sa run is.
No stiet der yn it koalysjeprogramma dat men yn 2018 of earder amtlik gearwurkje wol, wylst men it
earder oer de datum 1 jannewaris 2018 iens wie.
Helje dus de beneaming fan 3 wethalders fan de aginda en gean mei boargemaster Crone fan
Ljouwert yn petear. De wethalders hawwe ek gjin saaklike eftergrun.
De hear Ekas (GBL): Vanaf het referendum heeft hij gehoopt dat men ongeacht de uitslag van de
verkiezingen voor een raadsbreed college zou gaan; dit in het belang van de eigen bewoners. Nu zit
men met een niet-raadsbreed college. Als GBL had gewonnen dan had men naar zo'n raadsbreed
college gekeken.
De hear De Kroon (PvdA): It stiet wol fest dat sawol by de ynformateur Bijl as by oaren nea it idee
libbe hat om ta sa'n soart fan sakenkolleezje te kommen.
De hear Ekas (GBL): De informateur haalt informatie bij alle partijen weg en is in zijn ogen op de stoel
van de formateur gaan zitten. Heeft men als raad en samenleving wel zitten wachten op deze
consequenties? Hij had het richting zuiden liever anders gezien.
8