V Motie vreemd aan de agenda RAAD 3 juli 2014 Motie raadsbreed AANGENOMEN Moasje oangeande Wynmunen De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn de iepenbiere gearkomste fan 3 july 2014, Yn berie nimmend dat provinsje Fryslan foar 1-1-2015 in beslut nimme moat oangeande de realisaasje fan 530,5 MW opsteld fermogen yn wynenerzjy; de wurkgroep "Fryslan foar de Wyn" in ynventarisaasje docht nei allinnich pleatsing fan wynmunen op it grungebiet fan Fryslan; dizze wurkgroep foar in protte unrest en lilkens under de befolking soarget; de befolking yn opstan komt en hantekenings sammelet tsjin de wize werop dit proses fierd wurdt; der ek yn us gemeente in aksjegroep untstean is dy't tsjin pleatsing fan wynmunen is op it grungebiet fan Ljouwerteradiel; dizze aksjegroep yn Hijum, Feinsum en Aide Leie massaal hantekenings sammele hat tsjin ekstra wynmunen yn harren omjouwing (sjoch bylage); Ekyn berie nimmende dat Konkludearjend dat a. de fossile enerzjyboamen ierdgas en oalje op reitsje; b. it ferbaamen fan fossile enerzjy as ierdgas en oalje grutte skea tabringt oan it leefmiljeu foar de minsken en de bisten; c. de ofhinklikens fan enerzjy ut it butenlan bedrigend is foar de ekonomy en de feiligens fan us lan; d. ek Ljouwerteradiel in bydrage leveije moat oan it werom bringen fan it gebruk fan fossile enerzjyboamen; Freget it Kolleezje e. yn gearwurking mei de buorgemeenten in plan te meitsjen foar it werom bringen fan it gebruk fan fossile enerzjy yn us gemeente; f. it inisjatyf te stypjen om de munen foar de yn Fryslan winske wynenerzjy te konsintrearjen by de Ofslutdyk lans; g. stipe te jaan oan de plannen om fan de Ofslutdyk in grutte C02 neutrale enerzjy produsint te meitsjen troch in kombinaasje fan i.enerzjy fan wynmunen ii.enerzjy fan sinnepanielen iii..enerzjy ut de kombinaasje fan swiet en salt seewetter;

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 4