g M GEMEENTE iWi Leeuwarderadeel Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 3 july 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 4a. Moties met betrekking tot windmolens. De hear Dijkstra (FNP): Hy haldt him al jierren op 'e hichte oer wynmunen troch in technysk tydskrift. Der is ek aksje yn de doarpen Feinsum, Hijum en Aide Leije tsjin de wynmunen. Hy lest de moasje foar. De moasje is baseard op amendeminten yn de Steaten. Der moatte sinjalen nei de provinsje gean fan de gemeenten hoe't se oer wynmunen op harren grungebiet tinke. De hear De Kroon (PvdA): De strekking fan de moasje fan de PvdA is frijwat gelyk as dy fan de FNP, mar hat in wat oare achtergrun. Men soe it wat breder sjen moatte en net allinne ofgean moatte op de 'NIMBY-luden'. De gemeente soe konstateare moatte dat de fossile enerzjy stadichoan oprekket en dat dy fersmoarget en ek ofhinklik makket fan it butelan. Tegearre mei de buorgemeenten soe men it bruken fan fossile enerzjy werombringe moatte. Stel derta in plan op. Ferwerderadiel is der ek mei dwaande. It stanpunt fan Ferwerderadiel is om yn te setten op ferskate foarmen fan enerzjyopwekking op de Ofslutdyk. Dat soe men stypje moatte. Moasje oangeande Wynmunen De riedfan Ljouwerteradiel byinoar yn de iepenbiere gearkomste fan 3 july 2014, Yn berie nimmend dat provinsje Fryslan foar 1-1-2015 in beslut nimme moat oangeande de realisaasje fan 530,5 MW opsteld fermogen yn wynenerzjy, de wurkgr oep "Fryslan foar de Wyn" in ynventarisaasje docht nei allinnich pleatsing fan wynmunen op it grungebiet fan Fryslan, dizze wurkgroep foar in protte unrest en lilkens under de befolking soarget, de befolking yn opstan komt en hantekenings sammelet tsjin de wize werop dit proses fierd wurdt, der ek yn us gemeente in aksjegroep untstean is dy't tsjin pleatsing fan wynmunen is op it grungebiet fan Ljouwerteradiel, dizze aksjegroep yn FUjum, Feinsum en Aide Leie massaal hantekenings sammele hat tsjin ekstra wynmunen yn barren omjouwing (sjoch bylage), Sprekt ut dat gemeente Ljouwerteradiel gjin ekstra wynmunen op har grungebiet ta stiet, de ynwenners fan us gemeente de mooglikheid krije te partisipearjen yn it uteinlik nij opstelde Provinsjale wynenerzjyfermogen, gemeente Ljouwerteradiel in opromplicht wol foar besteane wynmunen om dermei op termyn in wynmunefrije gemeente te krijen. En giet oer ta de oarderfan de dei. Stiens, 3 july 2014 Fraksie FNP Ljouwerteradiel Folkert Dykstra Jan Willem Tuininga

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 7