clusters toestaan. De Afsluitdijk heeft ook te maken met de problematiek dat vogels zich te pletter zouden vliegen tegen de windmolens. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA wol partner bliuwe yn de diskusje en derom de resultaten ofwachtsje. Men moat ek wat oanbiede as men yn de eigen gemeente gjin wynmunen tastean wol. De PvdA wol eventueel plannen foar lytse clusters mei draachflak wol besjen, mar dy dan tsjin it algemien belang ofweagje. De ried moat yn aksje komme om foar oare foarmen fan enerzjywinning te soargjen en wynmunen op te kearen. De hear Dijkstra (FNP): Der is yn de doarpen gjin draachflak foar wynmunen. De plannen passe ek net yn it bestimmingsplan. Hy is bliid mei de opstelling fan GBL. It punt fan de opromplicht is baseard op it amendemint fan de Provinsjale Steaten. De hear De Kroon (PvdA): Dy opromplicht rint neffens him lykop mei it tastean fan nije wynmunen. De hear Dijkstra (FNP): Hy sitearret ut it amendemint 'Gedeputeerde Staten te verzoeken in het voorstel aan Provinciale Staten de effecten op sanering van bestaande molens en de mogelijkheden tot participatie van de bewoners zwaar te laten meewegen'. De FNP hat mei opsetsin net oer de Ofslutdyk praat. De boargemaster fan Ferwerderadiel is dudlik makke dat de provinsje oer de Ofslutdyk giet. De provinsje moat foar 1 jannewaris 2015 in beslut nimme en der moat de gemeente mei har stanpunt nei tawurkje. Wethalder Visser: Zij wil van de FNP helderheid met betrekking tot de wens van een windmolenvrije gemeente. De hear Dijkstra (FNP): Dat soe plakfine moatte fia sanearing fan besteande munen. De gemeente moat derta in sinjaal ofjaan. De hear De Kroon (PvdA): Wa krijt dy opromplicht en wa betellet? De hear Dijkstra (FNP): Dy opromplicht moat yn de Steaten regele wurde en it Ryk soe dan byspringe moatte. De foarsitter: Hij schorst de vergadering. De foarsitter: Hij heropent de vergadering en geeft het woord aan wethouder Visser. Wethalder Visser: Zij ontraadt de FNP-motie ten zeerste, met name ten aanzien van de laatste drie bullets. Zij heeft ook moeite met de motie van de PvdA vanwege het 'NIMBY-effect'. Zij zou willen voorstellen om het college de ruimte te geven om een standpunt te verwoorden en na bespreking hiervan in de raad een standpunt naar de provincie te doen uitgaan. Twadde termvn De hear Dijkstra (FNP): Men hat by elkoar sitten om te sjen as men de moasjes yn elkoar skowe te kinnen. De leste fan de trije bullets (by Sprekt ut dat) fan de de FNP-moasje kin der wol ut. Mar wol oan de earste bullet tafoegje 'mar wol weroerwaagje as der draachflak is De hear De Kroon (PvdA): De punten a. oant en mei g. soenen yn de mienskiplike moasje opnommen wurde moatte en punt h. ferfalt. Yn f. skrasse 'van de buurgemeente Ferwerderadiel'. De hear Brouwer (CDA): Men is bliid mei it einresultaat en it CDA kin dizze oanpaste moasje stypje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 8