Men komt er in een later stadium op terug. Voor het grote deel zijn de wegen volgens de inspectie in goede staat. Men heeft kunnen lezen wat de daadwerkelijke kosten bij De Steens geweest zijn. Die zouden ook opgebruikt zijn als het wel doorgegaan zou zijn, met welke ontwikkelaar dan ook. In het verre verleden zijn de gronden aangekocht op basis van de toenmalige situatie. Daarna zijn er situaties ontstaan waarbij Leeuwarden in beeld kwam en Leeuwarderadeel moest inleveren. Elk college, in welke samenstelling dan ook, was hiermee geconfronteerd. Wethalder Vos: De troch it CDA neamde stikken yn de tekst hearre yndied yn programma 7. GBL neamt yn harren amendemint gjin bedrach. Men hat it boppedat no oer de begrutting fan 2015. Men besiket dit jier in goede ynfolling te jaan foar de ynset fan de Klijnsma-gelden fia it 'kindpakket' en de itensbank. Der is safolle undudlikheid yn 2015 oer de untwikkelingen by de soarch dat it kolleezje it amendemint it untriedt. Oan de ein fan 2015 kin men altyd noch sjen oft der mooglikheden foar de minima binne. De hear Ketellapper(GBL): Men hat by De Steens nea in sint krige en der is nea in hus boud. By in goede kar hie dat der hiel oars utsjoen. Twadde termvn De hear De Kroon (PvdA): It amendemint fan de PvdA kin dus technysk wol utfierd wurde. De essinsje is dat men de jilden dy't men oars festleit foar de bestimmingsreserves, dat dy dan frijmakke wurde foar de algemiene reserve. Elk jier hat men sinten beskikber foar it underhald wegen. Soms waard dat ut de reserve helle en in oar jier hold men wat oer. Lied dat jild dus fia de begrutting nei de algemiene reserve. De PvdA soe it moai fine as de balans omheech te bringen is lykas yn it amendemint fan de FNP steld wurdt. Sjoch der noch ris goed nei. As it echt net kin dan kin de PvdA der ek net yn meigean. Oer it amendemint fan GBL: De ried hat jild beskikber steld yn it reguliere minimabelied en de Klijnsma-jilden komme ek ta oan de minima. It minimabelied foar 2014 is dus better as it foarstel fan it amendemint. De hear Brouwer (CDA): It CDA kin it amendemint fan de PvdA stypje. It CDA folget it kolleezje yn de utlis fan it ferskil fan de 290.000 euro. Minima hawwe it hjoed-de-dei swier en dat wurdt fersterke troch it kabinetsbelied. Hy lest ut de Stienser Omroeper in passaazje foar fan de sosjale tsjinst oer in ekstra ienmalige utkearing foar minsken mei mininuminkomen. Hy giet derfan ut dat GBL by fersin fan 2014 utgiet. De hear Ekas (GBL): Hij moet toegeven dat het amendement helaas qua datum niet juist is. Het amendement kan dan ook niet uitgevoerd worden. De hear Brouwer (CDA): De minima kinne troch de regeling stipe wurde mei 100 euro. Hy is bliid dat de wethalder it iens is mei it underbringen fan bepaalde passaazjes oer utkearingen by programma 7. It CDA is wiis mei dizze begrutting. Einlings in trendbreuk yn de lesten foar de boarger. De hear Dijkstra (FNP): Hy is der net gerest op dat men mei in dekkingsgraad fan under de 100% gjin gefaarfan de provinsje ferwachtsje kin. Derom haldt de FNP fest oan it amendemint. De foarsitter: Hij wijst erop dat het college de programmabegroting voor de raad schrijft en niet voor de provincie. Deze let op het sluitend zijn van de meerjarenbegroting. De hear Dijkstra (FNP): Der waard lesten oars wol soarchlik praat oer in dekkingsgraadsifer fan 1,4 foar Ljouwert. As it wjerstansfermogen dan under de 1 komt dan sjocht it der dus noch minder ut.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 68