romte om wurkje te kinnen en straks antysipearje te kinnen op de kommende feroaringen. Der wurdt hurd wurke oan beliedsregels. Teoretysk liket men der per 1 jannewaris 2015 klear foar te wezen. Oar jier sille de belutsen ynwenners underfine wat de trije desintralisaasjes yn de praktyk betsjutte sille. De re-yntegraasjeferoardering, partisipaasjewet. Der stiet yn artikel 1, under 2f in goede definysje fan wat men under mantelsoarch ferstean moat. De feroardering tsjinprestaasje: Op side 7 steane de 4 wichtichste skaaimerken fan mantelsoarch. De ofstimmingsferoardering: Der stiet dudlik yn wat de gefolgen binne as utkearinggerjochtigen harren net oan de utspraken halde. It CDA kin har der hiel goed yn fine dat men nei 3 jier op in nivo fan gemiddeld ungefear 105% fan it minimumynkommen dat men dan yn oanmerking komt foar in yndividuele ynkommenstaslach. It moat nei de geast fan de feroardering utfierd wurde. Feroardering maatskiplike stipe: As it echt nedich is dan kin der hiel fluch help komme. It CDA fynt it wichtich dat der in aktive ynformaasjeplicht fan it kolleezje is oer de kostenleaze klii'ntestipe. Yn artikel 8, under 2a stiet artikel 6. Dat moat neffens him artikel 5 weze. By artikel 19 wurde trije sinnen oan mantelsoarch wijd. Dat is neffens him wol wat te koart troch de bocht. Benammen de tredde sin moat mear omtinken krije. Mantelsoargers en frijwilligers binne tige wichtich foar de civil society. Yn Ljouwerteradiel dogge yn 2012 17% fan de jongeren fan 12 oant 18 oan mantelsoarch. Gemiddeld yn Fryslan wie dat 6%. 19% fan de 19-64 jierrigen jout mantelsoarch tsjinoer gemiddeld yn Fryslan 12%. It petear mei de oanbelangjende minsken is goed regele en ek de kritearia foar de maatwurkfoarsjenning sjogge der goed ut. Reagear sa gau mooglik op in helpfraach en kom ek sa gau mooglik mei in antwurd nei in klii'nt. It finansjele fangnet: Der is in konkreet foarstel utwurke foar it minimabelied. De bysundere bystan wurdt no mear yndividueel maatwurk. It is in prima idee om it gebietsteam middelen te jaan om fluch hannelje te kinnen yn bepaalde gefallen. Der is ek goed neitocht oer it bernepakket oangeande de praktyske ynfolling fia ferskate organisaasjes. De Friesland Zorgverzekeraar wie drok dwaande mei in de ynhald fan in oanfoljend pakket. Hy hat begrepen dat der 3 oanfoljende pakketten komme. Der stie in bedrach foar de AV fan 387.000 euro. Hoe kin der al in bedrach stean wylst de soarchfersekering noch dwaande is mei de utwurking fan it pakket? Moat er by de oanpassing fan it meast utwreide pakket tinke oan AV3? Hy hie in beliedskeuze ferwachte foar de hushaldlike help. Der binne in protte kwetsbere alderen mei hushaldlike help 1. De hushaldlike help foar de earste 3 oeren yn 'e wike soe in algemiene foarsjenning wurde. De WMO-advysried hat pleite foar kulanse op dit punt. Hy refereart oan it beliedsdokumint Sociaal domein in de praktijk. Op side 17 en 18 stiet der wat oer hushaldlike help I. De fraach fan it CDA is oft it mooglik is, binnen de finansjele kaders, minsken dy't hushaldlike help I hawwe mei in ynkommen ta 120% fan it tapaslike bystansnoarm te stypjen. De hearTuininga (FNP): De FNP fynt it in ferfelend stik. Dat hat te krijen mei hoe't de regearing mei de minsken omgiet. By de weryndikaasjes moatte guon minsken 25% of mear ynleverje. De regearing sil hiel gau ta in reparaasjewetjouwing komme moatte. De FNP stimt mei de punten 1 en 2 yn. Oer de 348.000 euro oan Klijnsma-jilden freget oft der noch in part fan nei de itensbank giet. Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Het is niet iets wat deze regering alleen heeft bedacht. Het zit al jaren in de procesfase. Het is jammer dat men tijdens de BOT-sessie van 5 november jl. over de 3D's Thema Verordeningen de desbetreffende stukken nog niet had. Dan had men betere vragen kunnen stellen. In het beleidsplan zijn door het college bepaalde toezeggingen gedaan zoals met betrekking tot de vertrouwenspersoon, uitwerking van het mantelzorgbeleid, een financieel vangnet voor mensen die huishoudelijke hulp 1 moeten missen en die dit niet kunnen betalen. De koepel heeft naar de verordeningen gekeken. Men moet op deze manier maar aan de slag met de verordeningen. Men krijgt de beleidsregels nog. Er staat niets concreets over het begrip vermogen. 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 177