financieel opzicht. Komt men wel uit met de beschikbare rijksgelden? De samenwerking met Leeuwarden moet men daar intensiveren waar deze voordeel zou kunnen brengen. De hear Brouwer (CDA): It CDA is der tige wiis mei dat de lesten foar de boargers net tanimme. Dat is ek geunstich foar de lokale ekonomy. Dy lesten wurdt bepaald troch de ozb, de rioellesten en de offalstoffeheffing. Hoe sit it mei de bewenners fan it butengebiet dy't foar de riolearing mear kwyt binne? Wurdt dat repareard? Der stiet yn programma 3 oangeande de wegen 'ongewenst niveau, onveilige situaties, mogelijk juridische stappen'. Yn dy wurden kin it CDA har net fine. Stiet it kolleezje achter dy wurden en wat moat der barre as it sa dramatysk is? Der wurdt op side 23 noch praat oer in regionaal bedriuweterreinplan Noardwestfryslan. Werom dy gearwurking noch yn dat ferban? Hy freget him by it programma underwiis of werom't de folwoeksenenedukaasje safolle djoerder utfallen is. Oangeande programma 7 soe it CDA graach sjen wolle dat de ynkomsten fan de desintralisaasjes opnommen wurde yn programma 7 en net yn 10. Dat liedt ta in better oersjoch. Yn programma 8 wurdt op side 44 praat oer in ambassadeur foar it swerfoffal. Is dy der al? Minsken dy't yn de bystan sitte, meie wat weromdwaan foar de mienskip. Sa'n persoan soe sa'n ambassadeur weze kinne. By it grienunderhald stiet in taakstelling fan 90.000 euro. It CDA stiet der wol achter, mar wol dochs oan de wethalder freegje oft it helber is. De hear Dijkstra (FNP): Op side 5 stie by de jierskiven foar 2015 in posityf saldo fan 146 euro. By de kadernota stie noch in siferfan 250.000 euro negatyf. Hy koe nearne fine hoe't itferskil fan 250.000 euro untstean wie. Uteinlik hat er it fun by de posten under de Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslan. Dy stelpost is fersulvere en sa untstie in posityf sifer fan 146 euro. Op side 77 stie by it wjerstansfermogen in sifer fan 1,5 yn en feitlik moat dat no 0,8 weze. Wat is dan de wearde fan sa'n paragraaf? Oangeande side 111 kin der net wiis wurde wer't it jild fan de grunofboeking bleaun is. Wat sil de provinsje derfan sizze? De algemiene reserves binne op in oar plak wer 3 ton heger. Hoe kin soks? Wat moat men der fan leauwe? Hy nimt it stik earst allinne mar foar kundskip oan. De hear De Kroon (PvdA): Op side 111 stiet it oersjoch reserves en foarsjennings. Der wurdt 169.000 euro byboekt oan rinte. Is dat in nuttige bestimming en wie dat de bedoeling wol? Moat men net gewoan stopje mei it tarekkenjen fan dy 4% rinte? Men kin it yn de eksploitaasje sette, mar it soe bygelyks ek nei it frije diel fan de algemiene reserve kinne. It is wol moai dat de begrutting slut en dat jildt ek foar de mearjierrebegrutting. Der is sawat 6 miljoen ekstra foar it sosjale belied. De PvdA kin har oer it algemien oanslute by de opmerkingen fan it CDA deroer. Op side 73 stiet by it ynkeap en -oanbestegingbelied 'na een periode van samenwerking vindt op dit moment veelal op een ad-hocbasis inkoop en aanbesteding plaats.' Kin men mei yn in hiel bult oanbestegings net meirinne mei Ljouwert? De tasizzingen fan it kolleezje binne net altyd mjitber, net SMART-genoch. Wat wol men bygelyks berikke by de utfiering fan de trije desintralisaasjes? De negative formulearrings suggerearje dat it der mei de feiligens fan bygelyks de bregen net goed foar stiet. Dat soe men der uthelje moatte. Op 79/80 steane ek opmerkingen oer it underhald fan de wegen as bygelyks 'in de woonwijken heeft dit verpaupering tot gevolg'. Dy konkluzje doocht net en soe der dan ek ut moatte. 15

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 18