Opiniearjend underdiel/hammerstikken ut opiniearjend underdiel 5. Fuortsetting projekt 'Steun op Maat' De hear Tigchelaar (CDA): No wurdt in bredere ynset foarlein. De kosten binne sa'n 46.000 euro. Welzijn Centraal hat underfining mei frijwilligers en mantelsoarch. Dat binne foar it CDAtige wichtige groepen yn it sosjale domein. Welzijn Centraal draait ek yn Ljouwert mei yn lyksoartige projekten. It is goed dat positive saken yntegrearre wurde. It projekt past binnen de finansjele kaders. It CDA kin dermei ynstimme. De hear De Kroon (PvdA): Foar de PvdA is it ek akkoart. It projekt is in goed foarbyld om der sa betiid mooglik by te wezen as der problemen drige te untstean. Dermei kin men uteinlik sinten besparje. Op side 3 stiet in tabel oer de finansjes. Men stelt foar 2015 5,6 miljoen euro beskikber en dat rint yn de trije jier dernei werom nei 5,3 miljoen. It ferbjustert de PvdA dat de sosjale tsjinst der yn de lettere jierren nochris in kear 5,3 miljoen uthellet en dat kin neffens him net. Dan bliuwt der neat foar de gemeente oer. De begrutting fan de sosjale tsjinst moat gelykoprinne mei de sinten ut Den Haach. Yn 2015 is der yn feite in post unfersjoen fan 175.000 euro. De PvdA is foar it projekt. De hear Dijkstra (FNP): Deselde tabel hat de FNP ek besjoen. Mei men yn it leste jier wol 37.000 euro negatyf utkomme? Dan stiet der in nuvere passaazje boppe de tabel. 'In onderstaande tabel is geen rekening gehouden met de verzilveringsstrategie van de WMO (oud) in relatie tot de opgenomen stelpost van in totaal 250.000 euro. We gaan er dus vanuit dat deze taakstelling gerealiseerd wordt.' Dy stelpost fan 250.000 euro is yn de begrutting set om dy op 147 euro posityf te krijen. No wurdt der alsnoch fan utgean dat men dy stelpost noch bruke kin, mar dy is al fersein. De hear Van Diggelen (VVD): De WD kan ermee instemmen. Het past binnen de nieuwe stijl, werkwijze en vastgesteld beleid. De hear Klaver (GBL): Het is een prima project. GBL is akkoord. Door in een vroeg stadium adequaat te handelen kan men geld besparen. Boargemaster Boertjens: De heer Dijkstra heeft met zijn opmerking over de stelpost volkomen gelijk. Wethouder Vos zal er meer over zeggen. Wethalder Vos: De tabel jout helderheid oer de sifers. By de utkearing fan it Ryk is fia de septimbersirkulere noch in plus kommen. De begrutting fan de tsjinst is yn feite de begrutting fan de gemeente. Men hat de bedraggen fan de sosjale tsjinst ekstrapoleard nei de oare jierren ta. Hy sil de opmerking fan de hear De Kroon deroer seker meinimme. De gemeente docht straks mear as men earder die, lykas it wurk fan it gebietsteam. De bedraggen fan 2016, 2017 en 2018 binne 'richtbedragen'. Men moat yn 2017 rekken halde mei in negatyf bedrach. It is in 'winstwaarschuwing' fan it kolleezje. It hat gjin ynfloed op eksternen lykas de provinsje. Yn de totale begrutting is it bedrach wol meinommen. Yn de hiele resultatenberekkening fan 2015 komt it werom as in utjefte. As it Ryk trochgiet mei it koartsjen dan sil der hiel kritysk sjoen wurde nei de begrutting fan de sosjale tsjinst. De 5,6 miljoen is de wersjoene begrutting dy't noch net oan ried de foarlein is. Der sit ek in posityf punt foar de gemeente yn. Hy is bliid mei de stipe foar it projekt. It kolleezje hat der bewust foar keazen om it ienmalich te dekken. Hy wol nammentlik romte halde om saken bystelle te kinnen. Twadde termyn De hear Dijkstra (FNP): Kin de passaazje boppe de tabel der ek ut? By punt 5 en by punt 8. De hear De Kroon (PvdA): Der stiet yn syn eagen gewoan in warskoging dat men de besuniging helje

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 17