T. Bijsterbosch P. van der Werff K. Tigchelaar A. Spijksma De foarsitter: Hij schorst de vergadering. De foarsitter: Hij heropent de vergadering en geeft het woord aan wethouder Vos. Wethalder Vos: Men wit net krekt hoe't itfinansjeel utfalt. In protte saken binne fuortsetting fan it aide belied. It kolleezje is bun oan it koalysje-akkoart. Men moat neffens dat akkoart utkinne mei de troch it Ryk beskikber stelde middelen. It kolleezje kin net garandeare oft men deroan foldwaan kin mei de utfiering fan de amendeminten, want it binne iepeneinregelingen. Men giet yn it nije belied ut fan in oare wize fan tinken. De fraach is wat men nedich is. Soms sil der help jun wurde kinne fia help yn natura en soms fia help fan buorlju of oaren. Dernei pas kin eventueel de profesjonele help ynset wurde. De persintaazjes binne wizige konfoarm it aide belied. Hy wol no net yngean op de earmoedefal. De regelingen moatte nammentlik net ferkeard wurkje rjochting wurk. It is needsaaklik om in fangnet te hawwen, mar it is net dudlik oft men by wizigingen fan persintaazjes it koalysje-akkoart utfiere kin. It kolleezje jout dus in 'winstwaarschuwing' of. Oangeande de opmerking fan de hear Klaver oer fuotbalskuon docht hy in oprop oan de ferienings om in pool foar praktyske saken yn te stellen. Hy giet yn op it amendemint oer de hushaldlike help. Dy help sil dizze jun ter sprake komme op de foarljochtingsjun. Alles wat 3 oeren as minder oan hushaldlike help krijt wurdt skrast en dat giet om in grut bedrach. De earste trije moannen sil men der fia de oergongsregeling kulant mei omgean. De utfiering fan it amendemint soe op grun fan it fangnet kinne. Men moat ek noch ofwachtsje wat de utspraak is yn de saak tsjin de gemeente Dantumadiel. En dan komt der ek noch in himmelcheck om 'e hoeke sjen. It giet derby om 11 miljoen euro foar de gemeenten van de 'Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslan'. Dan giet er yn op it amendemint oer it bernepakket. It is in subsydzjeregeling en dus behearsber. Men kin lykwols net bepale wannear't it budzjet op is want it is in iepeneinregeling. Oer it amendemint oer de partisipaasjewet seit er dat er net wit watfoar utwurking it krekt hawwe sil en of it altyd op it goede plak telane komt. It kin, want it giet net om grutte bedraggen. It pakket fan de kollektive soarchfersekering is het model AV-3. Dat fiert men net goedkeaper ut omdat men oars fia de bysundere bystan ek wer mear jild kwyt is. De fermogentoets bliuwt op deselde wize bestean as earder. Men stribbet nei sa goed mooglik maatwurk. Dat sil yn de evaluaasjes meinommen wurde. Twadde termyn De hear Tigchelaar (CDA): It CDA fynt it wichtich dat it sosjaal minimum fan 120% no ek yn it fangnet komt te stean. Giet men mei de minsken yn petear as men mei feroaringen by hushaldlike help 1 te meitsjen krijt? Hy hopet dat der in persoanlik petear mei de belutsen minsken plakfynt. Hy tinkt dat der noch wol romte foar is. Fierder kin it CDA har fine yn de reaksjes fan de wethalder, ek mei it each op de 'winstwaarschuwing'. Takom jier kin men lykwols wer om de tafel gean as der op grun fan nije gegevens oanpassingen nedich binne. De hear Klaver (GBL): De wethouder heeft een voorbehoud gesteld bij alle drie amendementen. Het is een moeilijk dossier. Hij begrijpt dat men het eerst via de financiele kaders kan oplossen, maar hij stelt vast dat de tekorten, mede door het uitvoeren van de amendementen, later zullen oplopen. In Leeuwarden gaat men uit van een sociaal minimum van 100%. Andere groepen moeten er ook niet de dupe van worden. De gedachtegang achter de amendementen is heel nobel, maar GBL heeft zijn 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 24