J It IGEMEENTE f m Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 11 desimber 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 9. Sintrumgemeenteregeling Ljouwerteradiel-Ljouwert De hear Ketellapper(GBL): Hy tocht earst dat it in gefolch wie fan de takomstige fuzje mei Ljouwerteradiel. Dochs krige er letter in minder noflik gefoel. Men woe gearwurking mei Ljouwert undersykje. Der is ek earder praat oer underlinge utwikseling fan personiel. Op 1 jannewaris 2016 tekent men in yntinsje-oerienkomst. Is it kolleezje bang foar harsels? Kin men net oanjaan dat men oant 2018 de saken sels wol op oarder halde kin? It giet him allegearre fierstente fier ek oangeande it foech fan it kolleezje. De taken fan de boargemaster en de wethalders moatte neffens it stik wol yn stan bliuwe. It komt allegearre hiel raar by him oer. It toant te min lef. Regelje it net allinne foar it kolleezje, mar ek foar it personiel. Oars wurdt sa alles oan Ljouwert oerdien. Men moat better sjen litte dat men as Ljouwerteradiel oant 2018 as gemeente der noch stiet. Hy is derom tsjin it foarstel en wol it weromsjen. De hear Dijkstra (FNP): Der stiet as argumint 'Het is uit het oogpunt van doelmatig en effectief bestuur.' Hy tocht dat it om de 'tsjinstferliening gie oant 2018 ta. Fierder stiet der 'Zo veel mogelijk de samenwerking te zoeken met de gemeente Leeuwarden.' Dat is krekt de bedoeling. Hy kin punt 1.2. net fine. Mist dat? Hy nimt oan dat de ried giet oer de dieloerienkomsten. De hear Brouwer (CDA): It CDA underskriuwt in diel fan it betooch fan de hear Ketellapper. Wat is it foech fan it kolleezje en wat kin de ried sels noch ut de wei sette? De taken fan de sintrumgemeente binne dudlik, mar wa (kolleezje fan Ljouwert, Ljouwerteradiel of de ried) giet deroer? Op himsels is der neat op tsjin dat amtners rjochting Ljouwert stappen sette, mar de ried moat der wol wat oer te sizzen hawwe. Ljouwerteradiel moat oant 2018 autonoom en soeverein bliuwe kinne. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA stiet der wat positiver foar oer. It beslut foar weryndieling is yn 2013 nommen. De boargers fine dat troch de weryndieling de kwaliteit ferbettere wurde moat. Want Ljouwerteradiel kin sels de kommende 4 jier net foldwaande kwaliteit leverje en dat kin yn de konstruksje fan in sintrumgemeente wol. Ried en kolleezje krije neffens de PvdA bettere amtlike stipe as dat nedich is. Dat leste wurdt troch it kolleezje bepaald. Gelokkich sit de bedriuwsfiering der no wol yn. Men bliuwt dus sels baas oer watfoar stipe men fan Ljouwert krijt. De oanpak fan it kolleezje tsjuget fan realisme. De hear Pot (WD): De WD is 00k redelijk positief over de centrumgemeente. Men is er zelf bij als raad en college en dat moet de zelfstandigheid volgens hem voldoende waarborgen. De foarsitter: Sommige fracties hebben het gevoel dat men met de constructie van centrumgemeente een stuk zelfstandigheid weggeeft. Dat is niet het geval. Het is een uitvoeringsregeling. Men moet vooruitkijken en de zaken zo goed mogelijk in elkaar schuiven. De regeling vormt daarvoor het raamwerk. In het voorjaar 2015 komt er een stuurgroep, een aantal

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 32