De hear Dijkstra (FNP): Doe't de treinen der noch riden koe men oan beide kanten fytse en kuierje. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA fynt de paden fan in heale meter net geskikt. De hear Tuininga (FNP): Hy wiist derop dat op toeristyske plakken as bygelyks op Skylge en lans de Dokkumer le soms tige smel binne. De minsken hawwe der gjin problemen mei. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA hat foar de breedte lykwols oare utgongspunten en kin har by it kolleezjefoarstel oanslute. De hear Tilma (CDA): It CDA hat net folle nije dingen oan de diskusje by te dragen. In goed en feilich fyts- en kuierpaad kin net neist de spoarbaan oanlein wurde. It CDA hat ek net folle fidusje yn de helberens fan it spoarfytsen. As dat mislearret dan stiet de gemeente foar de oanpassingen. It CDA kiest dus foar in fyts- en kuierpaad sunder spoarfytsen. De hear Ketellapper(GBL): Der is in goed ferhaal halden troch de ynsprekker. Hy kin him net fine yn de arguminten dat men it finansjeel net sitten sjocht foar in undernimmer. Men hat in presintaasje han fan in arsjitekt. Wer't in wil is, is in wei. Spitich dat it kolleezje net by de harksitting wie. Hy krige de yndruk dat de advokaat fan de gemeente him net noflik fielde. Hy is der bot fan skrokken doe't bliken die dat de Grontmij sels ek belangen by de utfiering hie. De hear De Kroon (PvdA): Men moat dan wol sjen nei de gebruken fan it sakelibben. As men in rapport skriuwt foar de oerheid dan is men utsletten foar de utfiering. Dat jildt ek foar de Grontmij. En de ried sjocht op de yntegriteit ta. De hear Ketellapper(GBL): Mar as de advokaat it net ferteld hie dan hie men it net witten. Troch de NFLS kin men it plan mei in pear sinten realiseare. Hy leaut net dat de minsken yn it tsjuster by it spoar lans nei har bestimming fytse. Gean dus mei de minsken fan de NFLS yn konklaaf. Hy sjocht gans mooglikheden foar it aide spoarbaantsje. De hear Dijkstra (FNP): Hy lest it amendemint en de taljochting foar. 8 Amendemint op de "Startnotitie ontwikkeling voormalig spoortrace Stiens-Jelsum". De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn'e gearkomste fan tongersdei 21 maaie 2015, Undergetekenden stelle it folgiende amendemint foar: Stelt fest it Beslut 2015/22: De "Startnotitie Voet-fietspad op voormalig spoortrace Stiens-Jelsum" vast te stellen en het college op te dragen uitvoering te geven aan het daarin opgenomen tijdspad, te feroarjen yn: 1. De Startnotitie Spoorfietsattractie op voormalige spoortrace Jelsum Stiens (startnotysje fan de Stichting NFLS) en de "startnotitie Voet-fietspad op voormalig spoortrace Stiens-Jelsum" (startnotysje fan it kolleezje) te beluken by in notysje dy't sawol spoarfytsen, kuierjen en rekreaasjefytsen mooglik meitsje op it aide spoartrajekt Stiens-Jelsum, 2. Om yn'e rin fan 2015 dizze notysje mei in folslein utstel nei de ried te bringen om dermei te bewurkstelligjen dat de realisaasje fan it spoarfyts- kuier- en rekreatyffytspaad begjin 2016 syn beslach krijt. Taljochting: Yn it koalysjeakkoart stiet by Sport en recreatie: Op het aebied van recreatie heeft het college de opdracht te bevorderen dot de oude sooorbaan ontwikkeld wordt als toeristisch wandel- en fietsoad naar Leeuwarden. Het traiect is dan tevens een veiliae en kindvriendeliike route naar de scholen en het soortcentrum It Grvn. De kop en it earste part jouwe op net misfersteane wize oan dat de aide spoarbaan in rekreative funksje krije moat en dus net in alternatyf weze kin foar de feilige fytsrutes dy't

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2015 | | pagina 11