De hear De Kroon (PvdA): Derwurdtyn it amendemint praat oer it koalysjeakkoart. Der past ityndied prima yn. De PvdA fynt dat de ried de beskikking hat oer alle arguminten. Der is in startnotysje fan it kolleezje en der binne notysjes fan de NFLS. Dy lesten binne ek brukt by de beoardieling fan it plan fan it kolleezje, lyksa de notysje fan Adema/NFLS. Men kin net op in oare wize mjitte. De PvdA fynt in smel skulpepaad net foldwaande. Gjinien hat oanjun hoe't men it dan wol utfiere moat as bygelyks op it stik tusken de Pirn Mulierwei en Jelsum. De hearTilma (CDA): It CDA hat genoch ynformaasje krigen fan sawol de NFLS as de gemeente. Men hat noch oanfoljende ynformaasje krige op de BOT-sesje. Hy lest yn it amendemint 'bewurkstelligje dat de realisaasje fan it spoarfytsen, kuierjen en rekreatyf fytspaad yn 2016 syn beslach krijt'. Wat is der de foaropset fan? It CDA hat tige protte wurdearring foar de undernimmers en wol net oan stimmingmakkerij meidwaan. It projekt is neffens it CDA kommersjeel net helber en de gemeente soe dermei in risiko nimme. De hear Ekas (GBL): Men heeft als gemeente zelf geen geld voor fietspad. Men krijgt het nu gratis. De gemeente neemt geen risico's. De hear Tilma (CDA): Hy wiist derop dat Dekema jierliks sa'n 7 oant 8 tuzen besikers hat. Gemiddeld moat by it spoarfytsen alle dagen 16 fytsen ferhierd wurde. Dat sjocht er net sitten. It traject kin men by utfiering fan it project spoorfytsen mogelik dy 5 jier net bruke foar de plannen ut it college foarstel. It plan is yn syn eagen iepen en earlik besprutsen. De hear Tuininga (FNP): Hy sit 22 jier yn de polityk. Der binne yn de jierren hiel wat dingen ta stan brocht. De FNP hat faak yn de opposysje sitten en altyd meiwurke oan goede projekten. De leste twa jier wurdt de gemeente lykwols ferkwansele oan Ljouwert. Mei de moasje woe de PvdA it spoarfytsen oan de kant skowe. Der wurdt net harke nei inisjativen fan boargers en undernimmers. Dat is okkerdeis by de winkeltidewet ek net bard. Der is mei klam oan him frege troch guon minsken, lykas as de hear Baltjes fan de OVL, om it plan op te skowen. De hear Pot (WD): Hoe staat OVL erin? De hear Tuininga (FNP): Hy wit fan de opstelling fan de hear Baltjes. De koalysje woe foar en mei de boarger saken opsette. Der hat er noch folle fan werom sjoen. Binne de boargers wol by it plan belutsen? Hy wiist op it sukses fan Doniastate. En Doniastate wurdt ek yn de plannen neamd. De hear De Kroon (PvdA): Dat is yndied it gefal. Mar it managemint fan Doniastate hat sein dat men gjin inkelde tasizzing dien hat. De hear Tilma (CDA): Hy merkt nochris op dat er it ferunderstelde tal spoarfytsers net sitten sjocht. De hear Klaver (GBL): Dat is niet des raads. Mogelijke risico's kan men in een contract vastleggen. De hear Tuininga (FNP): Gjinien hie ferwachte dat Doniastate sa'n sukses wurde soe. De undernimmersferiening stiet boppedat net negatyf foar it spoarfytsen oer. De measte minsken dy't er oer de plannen heard hat, wienen tige posityf deroer. De PvdA hat net iens mei de boargers praat. De hear De Kroon (PvdA): De belangen fan de boargers stienen foarop by de PvdA. Hy bringt de FNP yn it sin dat by de weryndielingskwestje de PvdA oars wol aardich wist hoe't de befolking derunder stie. De hear Tuininga (FNP): De PvdA hat derby de befolking ek foarleagene. 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2015 | | pagina 13