op te gaan in een groter geheel? Als hij echter naar praktijk van de verschillende ministeries kijkt dan heeft hij minder vertrouwen in de voordelen van grootschaligheid en andere reorganisaties. Grotere eenheden zijn niet per definitie beter. Bestuurskracht is volgens hem namelijk afhankelijk van de kwaliteiten van de bestuurders. Het is echter at een gelopen race. Hij geeft nogmaals aan dat grotere eenheden niet altijd leiden tot besparingen. Hij hoopt dat het brengt wat men ervan verwacht. De hear Dijkstra (FNP): Neffens in besiker fan de ynrinjun hie it boekje wat wei fan in miks fan in VVV- brosjuere en in gemeentegids. Op side 47 stiet 'de sosjale kohesy hat yn de gemeente Ljouwerteradiel in stevige basis'. Dat jildt wol foar de measte doarpen, mar minder foar Stiens. Der takelt it hurd of. Op side 57 wurdt praat oer in steviger basis foar sted en plattelan. Dochs hawwe der altyd underlinge ferskillen west en der moat de nije gemeente har net op fersjen. De skiednis jout der genoch foarbylden fan. Fan de nammejouwing wurdt oanjun dat men utgiet fan de namme Ljouwert. Men kin neffens him better utgean fan de namme Ljouwerteradiel, iykas dat earder wie. De namme Ljouwert bliuwt wol bestean (Iykas Burgum yn Tytsjerksteradiel). Hy sjocht de nije gemeente as in hiel grutte tun mei de sted Ljouwert as hus. As men by Ljouwert komt dan moat men bygelyks ek de lesten oernimme, Iykas by de sporttariven. De hear Brouwer (CDA): Hy wiist derop dat hy it wol wichtich fynt dat de sport betelber bliuwt. De hear Dijkstra (FNP): Neffens syn berekkening is de gemiddelde huzepriis foar Ljouwert 130.000 euro, foar Ljouwerteradiel 161.000 euro en foar Littenseradiel 180.000 euro. Yn de tabel fan Ljouwerteradiel sit in flater. Der wurdt utgien fan in huzepriis fan 200.000 euro. Op side 68 moat 879 euro in bedrach fan 965 euro weze en 762 euro moat 848 euro weze. De sifers fan it KULO oer de offalstoffeheffing binne net fan tapassing foar de trije gemeenten. De hear Pot (WD): Hij merkt eerst op dat men deze cijfers (bij aanwezigheid) had kunnen vermelden op de klankbordbijeenkomsten. De WD is tevreden met het stuk en de uitleg. De hear De Kroon (PvdA): 30 jannewaris 2013 wie in wichtige datum fanwegen it referindum. Eins is 12 novimber 2015 by it feststellen fan it weryndielingsuntwerp ek in wichtige datum. It stik is soarchfaldich opsteld. Der wienen ruchwei 40 fraksjes ut de 7 gemeentes by de klankboerdgearkomsten oanwezich en dy hienen mei inoar mar 8 reaksjes. En dy opmerkingen binne allegearre ferwurke. Dat is komplimint foar de 7 kolleezjes. De PvdA hat nei foaren brocht dat de opheffingsnoarm foar basisskoallen fan Ljouwert te heech is foar de basisskoallen fan it plattelan en der sille no twa noarmen komme. It ferskil fan de wenlesten is gelokkich troch de nije berekkeningen foar Ljouwerteradiel tige posityf. Hoe sit it gemeente yn de rute? Men is aardich op dreef om de gearwurking mei Ljouwert stal te jaan. Ljouwert wurket al mei by de riolearing, automatisearring, grienunderhald ensafuorthinne. Ljouwert sjocht Ljouwerteradiel as folweardige partner. Ljouwert harket ek nei krityk, Iykas by de tariven foar sport. Dy oanpaste tariven passe no better by it plattelan. De kompliminten oan it kolleezje dat de gearwurking goed op skema leit. It kolleezje hat de tsjinstferliening oer it algemien goed op oarder en ek de finansjes steane der reedlik foar de kommende twa jier. De PvdA hat fertrouwen yn de fuortgong yn de leste twa jier. De hear Brouwer (CDA): It CDA is tige wiis mei it untwerp. Der is in lange diskusje yn de ried oan foarofgien. Dat wie in dynamyske diskusje: partijen hawwe yn 'e rin fan de tiid stanpunten bystelle moatte. Dat jildt ek foar it CDA. De befolking joech by it referindum oan yn romme mearderheid by Ljouwert te wollen. It CDA soe it net raar fine as der in oare namme foar de gemeente komt as Ljouwert. It is in 'lichte

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2015 | | pagina 10