a) Het bedrag van €595.000 acht het CDA onvoldoende onderbouwd. Derhalve is de CDA fractie niet
overtuigd van de noodzaak voor deze grote reservering;
b) Het bedrag van €110.775 (zie daarvoor de memo van 2.11.15) acht het CDA voldoende onderbouwd en
daardoor billijk;
c) Wanneer het college met een nieuw, onderbouwdvoorstel voor een hogere reservering komt zal het
CDA deze wederom op zijn merites beoordelen.
Stiens, Ondertekend op 5 november 2015 door de fractie van het CDA:
Dhr. S. Brouwer
Dhr. A. Spijksma
Dhr. K. Tigchelaar
Dhr. L. Tilma
It CDA hat in fraach steld oer de post grien. It is spitich dat fan de taakstelling fan 90.000euro eins
neat slagge is en de 90.000 euro no wer opplust wurde moat. As de auto-oanskaf oars regele wie dan
hie men it earste jier al sa'n 10.000 euro besparje kinnen. Wat is de kreativiteit fan it kolleezje as der
by in taakstelling fan 90.000 euro no wer sa'n bedrach byplust wurde moat?
De wethalder moat der wol nei sjen oft der op in effisjinte en kreative wize mei it jild omgien wurdt.
De hear De Kroon (PvdA): It stiet fest dat de bregen en kaden goed underhalden wurde moatte. De
diskusje is oer hokker reserve it betelle wurdt. Dat leste is foar de boarger net fan belang. Der is dan
ek foar de PvdA gjin reden om it beslut ut de kadernota werom te draaien. De ried kin ommers altyd
oer de reserves beskikke as de need oan de man komt. De PvdA stipet amendemint 2 fan it CDA dan
ek net. It CDA twifelt blykber oer de hichte fan it bedrach fan 595.000 euro. Dat hat de PvdA ek wol
wat. Der hat in BOT-sesje oer de matearje west, mar men hat net skerp wat der doe bepraat is. Der is
gjin beliedsplan bregen en kaden feststeld. It kolleezje soe sa'n beliedsplan foar 2016 en 2017
opstelle moatte yn gearwurking mei Ljouwert. Dan krijt men better ynsjoch yn de te ferwachtsjen
kosten en der kin men dan in beslut oer nimme.
De tekstoanpassing neffens amendemint 1 fan it CDA liket de PvdA wol goed ta.
De hear Dijkstra (FNP): De soarch is al earder utere dat it sa net goed komt. It wjerstanskoeffisjint
sakket hieltyd fierder en troch in keunstke is it op 1,3 kommen. Op 1 jannewaris is it totaal oan
reserves 3,5 miljoen. Men moat 2,5 miljoen ofboeke by de sosjale tsjinst. Dan komme de ofboeking
fan de skoallen en de finansiering fan it fytspaad der noch by. Dan komt men ut op nul. As men under
tafersjoch fan de provinsje komt dan betsjut dat net dat men ekstra jild krijt. De provinsje soe wolris
oantrune kinne op ekstra belestingheffing.
Amendemint 2 fan it CDA is wol sympatyk, mar men sit wol mei de kearntaken. Dat is krekt it
dilemma. Men kin it jild mar ien kear utjaan.
De hear De Kroon (PvdA): It wjerstansfermogen is yndied krap. De FNP boekt samar 2,5 miljoen of
fan de sosjale tsjinst fanwegen de uttreding, mar dat kin men mei de friksjekosten fuortstreepje. It
CDA hie de foarige kear ek in aardich idee oer in oare berekkening fan it wjerstanskoeffisjint.
De hear Dijkstra (FNP): Hy fynt dat grutte unsin. Neffens him giet it jild foar de weryndieling nei
Ljouwert ta.
De hear De Kroon (PvdA): Alle kosten dy't fuortkomme ut de weryndieling kinne ofboekt wurde op
de weryndielingsbydrage.
De foarsitter: Hij voegt eraan toe dat men nu wel bepaalde afspraken over de herindelingsbijdrage
kan maken.
12