2
Dit skoallejier binne a lie bern fan de trije doarpen al wend mei leeftydsgenoaten yn ien klasse te sitten en it is us
winsk dat se dat takom jier dwaan sille op ien lokaasje yn de foarmalige "Foarikker" te Britsum It burn ICS ut
Swol dy't begjin 2015 de skoallebestjoeren advisearre hat yn de karfan de skoallelokaasje hie al yn 2012 yn
opdrachtfan de gemeente Ljouwerteradiel in rapport skreaun "Toekomstbestendig basisonderwijs
Leeuwarderadeei"It burn hat deryn in plan makke om yn in perioade fan krimpfan it tal learlingen yn dizze
regio safolle mooglik de lytse skoalle yn de doarpen te beholden Fuortborduerjend op it advys fan ICS hawwe
de gemeente en beide skoallebestjoeren underwiijsgroep Fier en CBO G2 besletten har te rjochtsjen op ien
gearwurkingsskoalle yn de regio Britsum-Koarnjum- Jelsum. Yn it draachflakundersyk fan 2013 die bliken dat by
alders, personiel, direkteuren en meisizzenskipsrieden in sterk draachflak wie om in lytsskalige basisskoalle yn
de regio yn stan te halden. Wy binne no twa jierfierder en hearre fan bern, learkrachten, alden en
skoaldirekteur dat se bliid en tefreden binne op de Gearwurkingsskoalle Britsum Koarnjum Jelsum dy't no
noch husfeste is op de foarmalige "De Homeie" te Britsum en "Oan't Skipperspypke" te Koarnjum en hooplik
aanstop de foarmalige De Foarikker" te Britsum. Hoewol't der op ditstuitop twa lokaasje underwiisjun
wurdt, wurkje de learkrachten fan de foarmalige trije skoallen en de direkteurfan foarhinne "Oan't
Skipperspypke" no al as in tiim mei in mienskiplike underwiisfisy oan in skoalle dy't ek yn de takomst
besteansrjocht hat.
Hooplik kin nei it posityf riedsbeslut fan de rie wer in nije stap set wurde nei de start fan de ferbou. Wy binne
der fan oertsjuge dat de oannimmer soarget foar in pronkjefan in skoalle dy'tfoldocht oan de hjoed-de-deiske
underwiisbetingsten en dat it aanst in foarjocht is om yn les te krijen, les te jaan en bern nei skoalle te stjoeren.
Mei de gemeente binne wy yn goed oerlis "mei de kemmisje ferkearsfeiligens" yn petear om defeiligens om de
skoalle hinne en de rute nei de skoalle ta te ferbetterjen. Ek Feilich Ferkear Nederlan hat hjirby belutsen west en
konstruktyf yn bydroegen. Der is in mienskiplike ynspanning om derfoar te soargjen dat de knelpunten safolle
mooglik oplost wurde.
It bestjoerfan CBO G2 en underwiisgroep Fier binne meiinoar ferantwurdlik foar de kwaliteit en de identiteitfan
de gearwurkingsskoalle. Neffens de wet moat in gearwurkingsskoalle falle under ien bestjoer. Foar dizze
gearwurkingsskoalle sil CBO G2 de koepel weze der't de skoalle under fait en Onderwijsgroep Fiersil ynformeel
tasjochhalder weze. Foar de dudlikheidit sil gjin kristlike skoalle weze, gjin iepenbiere, maar in
gearwurkingsskoalle Op de gearwurkingsskoalle is in identiteitskommissy ynsteld besteande ut alders fan bern.
Dizze kern missy jout advys en is krekt as it bestjoer en de meisizzensipsrie as beweitser oansteld om foar beide
rjochtingen kristlik en iepenbier" boarch te stean. De gearwurkingsskoalle basearret har aktiviteiten op de
wearden en noarmen dy'tfuortkomme ut de ferskillende libbensoertsjugingen en siket deferbining en de
gearwurking y.p.f. skiedingkonkurrinsje en konfrontaasje.
Op de teste teldatum fan 1 oktober 2015 wiene der op de 51/VS139 learlingen. Hoewol't de prognoases utwize
dat de krimpfan it oantal learlingen de kommende fjouwer jier trochgiet, tinke wy dat foar de takomst in
skoalle boppe de 100 learlingen behalde kin en so perspektyf jun wurde kin oan bern, learkrachten en alders op
in skoalle der't se har thusfiele sille. Wat dat oanbelanget hawwe wy der a lie fertrouwen yn dat de rie foar a lie
niisneamde geledingen in posityf en ienriedich beslut nimt en dat ta utering bringt yn har stimgedrach.
In soad wiisheid hjiryn tawinske.
Jaap Jansma (algemien direkteur bestjoerder CBO G2)
De hear Brouwer (CDA): It CDA fynt it tige wichtich dat der foldwaande draachflak is. Kin men sizze
dat de grutte mearderheid ek fan de alders der in foarstanner fan is?
De hear Jansma: Der is ek in breed draachflak by de alders. Dit jier is men begun mei de
gearwurkingsskoalle op de beide lokaasjes. Alle bern fan de eardere skoallen binne der ek hinnegien.
Minsken hawwe ek noch de kar om te kiezen foar in oare skoalle yn de buert.
De hear Ekas (GBL): Er zijn ook mensen die de keuze voor de school niet toejuichen. Zijn alle
mogelijkheden belicht die een rol hebben kunnen spelen bij de keuze voor de locatie? Zonder dat
daarbij zaken verzwegen zijn?
De hear Jansma: De kar foar it plak wie lestich, want der wienen twa doarpen by belutsen. Ideaal wie
in skoalle tusken Koarnjum en Britsum. Dat waard lykwols te djoer. De Homeie foel of omdat dy al
ofskreaun wie. Men hat trije undersiken dien om ut te sykjen wat de gaadlikste fan de beide oare
skoallen wie. De beide organisaasjes, CBO G2 en Fier, woenen in unanym advys. It advys fan ICS soe