lm Leeuwarderadeel 15 3 I GEM EENTE I Stiens, 24 novimber 2015 Raadsvergadering: 10 desimber 2015 Voorstelnummer: 2015/58 Portefeuillehouder: C. Vos Behandelend ambtenaar: A. Bloem E-mail: a.bloem@leeuwarderadeel.nl Telefoonnr.058-2576633 Onderwerp: Notysje Eksperimenteare yn it sosjaal domein Te nemen besluit: Ynstimme mei de utstellen sa't dy dien binne op side 11 fan de beliedsnotysje Eksperimenteare yn it sosjaal domein, in evaluaasje op haadlinen. Korte inhoud: Dizze beliedsnotysje sjocht werom op it sosjaal domein yn de gemeente Leeuwarderadeel oant no ta. Op basis fan dy evaluaasje steane der yn de notysje utstellen foar it sosjaal domein yn 2016 en fierder. Inleiding: De gemeente Leeuwarderadeel is op it momint fan skriuwen fan de notysje njoggen moanne dwaande mei it utfieren fan taken yn it sosjaal domein. Yn gearwurking mei gebiedsteam en partnerorganisaasjes is de gemeente dat ekspearimint oangien. It is no in gaadlik momint om te sjen hoe't it der foar stiet mei dat ekspearimint en op basis derfan ek de lijnen ut te setten foar 2016 en fierder. It proses om te kommen ta dizze notysje is derom ek frijwol lykop run mei it proses foar it ta stan kommen fan haadstik 7 fan de programmabegrutting 2016. Beide slute op elkoar oan. De utstellen yn dizze notysje binne in ferfolch op en soms ek oanpassing fan besteand belied (sjoch de taheakke notysje). Argumenten: 1.1. It utstel past yn besteand belied of is der in ferfolch op De ried hat yn 2014 belied feststeld as basis foar de utfiering fan de gemeentlike taken yn it sosjaal domein. Yn de foarlizzende beliedsnotysje evaluearje we dat belied en dogge op basis derfan en op basis fan nije untwikkelings utstellen foar bestendiging of oanpassing fan it ynsette belied. 1.2. It utstel is infertalingfan haadstik 7 ut de programmabegrutting 2016 Ynhaldlik is dizze beliedsnotysje in fertaling fan haadstik 7 ut de programmabegrutting 2016. 1.3. It utstel is dfstimd mei belutsen partijen In konsept ferzje fan de beliedsnotysje is foar reaksje foarlein oan de leden fan de advysgroep (managers fan de partnerorganisaasjes yn it sosjaal domein), it gebiedsteam en de Wmo-adviesraad (sjoch de taheakke mei reaksjes yn de notysje). De measte opmerkings binne ferwurke yn de notysje. Suggestjes wurde meinommen yn de utwurking fan de utstellen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2015 | | pagina 291