Kanttekeningen: 1.1. Untwikkelings geane hurd Untwikkelings yn it sosjaal domein geane soms sa hurd dat it weze kin dat ynformaasje yn dizze notysje op it momint fan behanneling al wer achterhelle is. As dat it gefal is nimt de portefuljehalder dat mei by it besprekken fan de notysje yn kolleezje en ried. 1.2.Finansjele risiko's We witte allegear dat de gemeente yn it sosjaal domein finansjele risiko's rint. Dy risiko's binne yn de programmabegrutting beneamd. Lykas de reserve dy't foarme is om eventuele tekoarten op te fangen. Hiel bewust giet dizze notysje benammen oer de ynhald fan it sosjaal domein en de transformaasje dy't gemeente en partners deryn realisearje wolle. Financiele toelichting: De finansjele fertaling fan dizze beliedsnotysje stiet yn haadstik 7 fan de programmabegrutting 2016. Uitvoering/ afhandeling: De notysje is kommunisearre mei de partnerorganisaasjes yn it sosjaal domein, gebiedsteam en Wmo-advysried. Nei behanneling yn de ried, komt de notysje op 'e nij op de aginda fan de advysgroep, gebiedsteam en Wmo-adviesraad om de utstellen yn de notysje meielkoar ut te wurkjen. De ried wurdt hjir oer op 'e hichte halden yn de BOT-sessies sosjaal domein. Evaluatie: n.v.t. Conclusies Raad le behandeling: n.v.t. Bijlagen: Beliedsnotysje Eksperimenteare yn it sosjaal domein, in evaluaasje op haadlinen Ter inzage gelegde stukken: B&W advies Burgemeester en wethouders van Leeuwarderadeel, de secretaris de burgemeester HARRIE SIEGERSMA drs.JOOPR.A. BOERTJENS

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2015 | | pagina 292