Foarstel 12 fan de PvdA untriedt er. Men moat it proses yn Stiens krektsa ferrinne litte as yn de oare doarpen. Hy wiist hjirby op de passaazje 'Alleen voor Stiens, een dorp dat te groot is om elkaar goed te kennen en waar dus een andere betrokkenheid geldt, is dit nog niet gelukt. Daar zoeken wij naar andere logische verbanden om in gesprek te gaan met de inwoners'. De Eigen Kracht-systematy is weardefol. It wie te koart dei om de klii'nten by de evaluaasje mei tenimmen. Yn 2016 wol men dat wol dwaan. Der wienen hast gjin reaksjes fan minsken dy't net tefreden weze. Mei de husdokters is yndied noch in slach te meitsjen. Men wol utgean fan ien hushalding, ien plan. Alle omstannichheden moatte by meldingen meinommen wurde en der leit in taak foar it gebietstiim. Twadde termvn De hear Tigchelaar (CDA): Der binne no in tal saken ferflechte yn it gebietsteam. Hy hopet net dat der tefolle kosten oangeande it Sosjaal Team ut fuortkomme. Der hawwe al petearen west mei ferskillende organisaasjes ut de mienskip. Hy heart positive reaksjes ut it wurkfjild oer de notysje Eksperimentear yn it sosjaal domein. Amtners en gebietsteam binne der entusjast oer. Yn jannewaris is der wer in brainstoarmsesje. Miskien moat men wol fierder mei de eksperiminten. Men hat in goede stap makke. Dat heart by in echte transformaasje. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 18

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2015 | | pagina 295