oanpassing fan de hushaldlike help I fan 120 nei 130% en de opheging fan it eigen fermogen foar begraffenis of kremaasje bedoeld? De jeugdferplichtingen binne heger as ferwachte wie. Hoe folslein is op dit momint it ynsjoch wat men no en oar jier oan de jeugd besteegje moat? De ferheging fan de apparaatslesten: is dat nedich en wat kin men der eventueel oan dwaan? Men krijt fan it Ryk yn 2016 minder as yn 2015 en derom sil de begrutting wol leger weze. Der is lykwols mar in marzjinaal ferskil fan in heal miljoen. By de gearkomste fan it kolleezje fan 24 novimber oangeande u.o. de oanstjoerings- en husfestingskosten gebietsteams en de utwreiding fan HRM wurdt skreaun dat der achter de skermen drok oan wurke wurdt, mar dat it noch net laat hat ta budzjetten yn dizze begrutting. Mar men wit dochs wol wat de husfestingskosten binne en fan opliedingskosten hat men dochs ek wol in byld? Werom moat HRM utwreide wurde? De begrutting moat op dizze punten konkreter weze. Op side 102 stiet net mear it bedrach fan it maatwurkbudzjet gebietsteam. It fait no under de bysundere bystan. Op side 103 stiet gjin bedrach foar de 'respijtzorg', wylst der in bedrach frijmakke is fan 50.000 euro. Is dat net meinommen omdat dit pas per 1 oktober besletten is? Hy nimt net oan dat it om it bedrach fan 53.000 euro op deselde side giet, omdat dat bedrach yn 2015 ek al yn de begrutting siet, wylst der doe gjin 'respijtzorg' utfierd is. Op side 105 komt in prognoaze foar jeugdsaken fan ruchwei 1,9 miljoen foar. Yn de wersjenne begrutting 2016 is it bedrach 1,3 miljoen. Wer is dat optimisme op baseard? Der is by de totale prognoaze lesten in ferskil fan 525.000 euro. Is dat net te leech ynskat foar 2016? Op side 107 stiet by apparaatslesten yn 2015 nul en no yn de wersjenne begrutting 121.000 euro. Hoe kin soks? Op side 15 stiet in utwreiding fan de formaasje mei 6,04 fte's. Op side 145 komt de utwreiding direksje en managemint foar mei 2 fte's. Dat leste komt del op dik twa ton mear foar 2 fte's. Dat is dochs fierstente grof? Wat binne de arguminten foar dy utwreidings en moat der echt twa ton by komme foar it managemint? It konsept fan de sjenwize fan it kolleezje is yn syn optyk in hiel foarsichtige sjenwize. De zin 'We willen graag met u in gesprek gaan over de uitbreiding van de personele formatie in 2016.' Syn foarstel is om dy sin te feroarjen yn 'We willen graag met u in gesprek gaan om de uitbreiding van de personele formatie nog eens goed tegen het licht te houden en naar mogelijkheden te zoeken om op dit punt tot een reductie te komen'. De hear Van Diggelen (WD): Men kan het stuk voor de WD deze avond wel vaststellen. Er zijn nog vele aannames en risico's. Men moet de vinger aan de pols houden. De brief kan inderdaad wel strakker geformuleerd worden. Later bij agendapunt 13 moet men nog spreken over de eventuele uittreding van de dienst. De voorgestelde formulering van het CDA lijkt hem prima. De hear Ekas (GBL): Het is een complexe materie. GBL is ervan overtuigd dat de clienten uiteindelijk de dupe zijn omdat het een bezuiniging is. Men zal met nog veel meer zaken in de toekomst geconfronteerd worden. Men moet roeien met de riemen die door deskundigen aangeboden worden. Met de uitbreiding van de formatie gaat men weer op de oude toer. Eigenlijk staat men met lege handen. De gemeenten mogen invulling geven aan wat door Den Haag opgelegd wordt. De mensen die het aangaat zullen uiteindelijk de rekening betalen. De hear Tuininga (FNP): It is eins in grutte 'rotbinde'. Men wurdt konfronteard mei utwreiding fan fte's en utwreiding fan wurk omdat it Ryk alles op it buordsje fan de gemeente delleit. De kli'fnt is uteinlik de dupe. Dochs moatte dy minsken betsjinne wurde. Hat de PvdA oer de moasje ek oerlis han mei Ljouwert? Wethalder Vos: Der binne hiel wat fragen steld. Hy wol earst fan de foarsitter witte wat de krekte status fan it stik is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 13