steeds groter. De hear Tigchelaar (CDA): Men is al drok oan it eksperimintearjen. By de evaluaasje binne benammen de minsken fan it gebietsteam belutsen. Hat men ek ynformaasje fan de kliinten? It CDA wol graach tefreden soarchfregers. Hy sprekt de kompliminten ut foar it gebietsteam. De ynflechting is op guon punten lykas it BSP (Burger Service Punt) al aardich slagge. Yn hoefier is it Sosjaal Team oer it gehiel ynflechte? Oangeande de huskeamerpetearen merkt er op dat der fan tefoaren foldwaande ynformaasje weze moat. Men moat de minsken net wat opdringe. Dan wiist er noch op de rol fan de husdokters. Hjir is noch wol in slach te meitsjen mei as gefolch mooglik minder trochferwizings en minder kosten. En mei mear ynset op previnsje. It is in goede notysje. Jou romte oan it gebietsteam. Men moat romte jaan oan de minsken dy't dwaande binne mei kennis fan saken. It CDA kin ynstimme mei de notysje. De foarsitter: Hij schorst de vergadering op verzoek van wethouder Vos. De foarsitter: Hij heropent de vergadering en geeft het woord aan wethouder Vos. Wethalder Vos: It sosjaal team kin net oergien op 1 maart 2016. Dat hopet men te heljen op 1 april 2016. It Sosjaal Team moat goed taret wurde op it gebietsteam. It beslut ta opheffing is troch de fjouwer Middelseegemeenten unanym nommen. It kolleezje wol ek fierder gean mei de BOT-sesjes (ek foar de WMO-ried). Hy is wiis mei de nammesuggestje foar it gebietsteam fan mefrou Bijsterbosch. Foarstel 12 fan de PvdA untriedt er. Men moat it proses yn Stiens krektsa ferrinne litte as yn de oare doarpen. Hy wiist hjirby op de passaazje 'Alleen voor Stiens, een dorp dat te groot is om elkaar goed te kennen en waar dus een andere betrokkenheid geldt, is dit nog niet gelukt. Daar zoeken wij naar andere logische verbanden om in gesprek te gaan met de inwoners'. De Eigen Kracht-systematy is weardefol. It wie te koart dei om de kliinten by de evaluaasje mei tenimmen. Yn 2016 wol men dat wol dwaan. Der wienen hast gjin reaksjes fan minsken dy't net tefreden weze. Mei de husdokters is yndied noch in slach te meitsjen. Men wol utgean fan ien hushalding, ien plan. Alle omstannichheden moatte by meldingen meinommen wurde en der leit in taak foar it gebietstiim. Twadde termyn De hear Tigchelaar (CDA): Der binne no in tal saken ferflechte yn it gebietsteam. Hy hopet net dat der tefolle kosten oangeande it Sosjaal Team ut fuortkomme. Der hawwe al petearen west mei ferskillende organisaasjes ut de mienskip. Hy heart positive reaksjes ut it wurkfjild oer de notysje Eksperimentear yn it sosjaal domein. Amtners en gebietsteam binne der entusjast oer. Yn jannewaris is der wer in brainstoarmsesje. Miskien moat men wol fierder mei de eksperiminten. Men hat in goede stap makke. Dat heart by in echte transformaasje. De foarsitter: Erwordt unaniem conform hetvoorstel besloten. 16. It feststellen fan de Wenfyzje Ljouwerteradiel 2015-2020 De hear Klaver (GBL): Het is goed dat men Stiens en de gemeente niet op slot zet. Stiens blijft het kerndorp van Leeuwarderadeel. Men moet de bewoners faciliteren. Indiener 2 van de zienswijze, die de cijfers in twijfel trekt, heeft daarbij de provincie aan zijn kant. De Primor-cijfers komen nog uit de tijd van de woningnood en wordt gevoed door het bouwprogramma. Het gaat uit van het principe dat elk aanbod inwoners trekt. Dat geldt evenwel voor iedere gemeente. Ook wijst de indiener van de zienswijze terecht op de krimp en de teruglopende werkgelegenheid. Het is dus goed om actief bezig te zijn, maar het is wel nodig om de juiste keuzes te maken en prioriteiten te stellen. 17

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 20