GEMEENTE Leeuwarderadeel Underwerp: Riedssearkomste Stiens, 11 jannewaris 2016 Achte leden fan 'e Rie, Ik noegje jimme ut om de riedsgearkomste fan 21 jannewaris 2016 by te wenjen. De wurklist en bybehearrende stikken treffe jimme hjirby oan. Alle stikken lizze op gebruklike wize op besjen yn de leskeamer fan it gemeentehOs. De wurklist mei utstellen leit foar belangstellenden op besjen yn de hal fan it gemeentehus en de iepenbiere bibleteekyn Stiens. De gearkomste wurdt halden yn it gemeentehus fan Stiens en begjint om 19.30 oere. De foarsitter fan 'e rie, Drs. Joop R.A. Boertjens Nr. fan de WURKLIST Nr fan il wurklist utstel 1. lepening en meidielings foarsitter 2. Feststellen wurklist 3. Ynsprekrjocht boargers 4. Fragehealoere riedsleden 5. Feststellen ferslach fan YNFORMEARJEND UNDERDIEL 6. Ynkommen stikken (lizze op besjen) 74 Kest 25a. (RfO) Boargers kinne mei-inoar maksimaal 30 minuten it wurdfiere oer underwerpen dy't op 'e aginda steane. Alle sprekkers krije net longer as fiif minuten. Ynsprekkers moatte dat op syn lest oant 24 oeren foar it begjin fan de gearkomste oan de griffier meld hawwe Kest 40 (RfO) As in lid fan 'e ried yn de fragehealoere fragen stelle wol, moat dit mei oantsjutting fan it underwerp op syn minst 12 oeren fan tefoaren meld wurde by de foarsitterNeffens de ofspraken dy't makke binne kin in riedslid yn't plakfan de foarsitter ek de griffier op de hichte stelle. Kest 19 (RfO) Tekstwizigings kinne foar it begjin fan de gearkomste yntsjinne of oankundige wurde by de griffier. Kest 20 (RfO) In riedslid kin oant 12 oere foar it begjin fan de gearkomste oan de griffier trochjaan oer hokker Ynkommen Stikken hy of sy it wurd fiere wol.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 2