GEMEENTE Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 21 jannewaris 2016 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear G. Mast sprekt yn op agindapunt 12 (Ludswal It Skil yn Stiens): 1 Achte oanwezigen, Lit ik earst mei wat posityfs begjinne. Ik bin bliid mei itfoarnimmen fan de gemeente Ljouwerteradiel, nei jierren fan it utbliuwen fan underhald oan it ludsskerm, om dy no dochs te ferbetterjen. De gemeente wie doedertiids wetlikferplichte om de boargers fan It Skil te beskermjen tsjin de ferkearsoerlest fan de provinsjale dyk. Hja diene dat net fan herte en keazen yn 1999foar de goedkeapste oplossing. It waard in ludsskerm fan bout besteande uit peallen en planken setten boppe op de besteande grunwal. In goede fundearring foar dizze houten konstruksje waard net oanbrocht. No is fan hout bekend, dat it wurket. Al rillegau kaam der romte tusken de planken en wiene der gotten yn. Sa wurdt it ferkearslud fansels net keard. Yn 2015 haw ik twa brieven oan B&W, it deistich bestjoerfan de gemeente, skreaun en de mankeminten oan de ludswal hjiryn oantsjutten. Fierder haw ikfersocht om ferbetterings oan te bringen. Dat iiket no mei it advys fan de FUMO foar in part goed ut te pakken. It skerm sil no ticht makke wurde. Akkoard. No myn twadde punt yn myn brieven. Dat giet oer de hichtefan it ludsskerm en de situaasje dy't der nei de oanliz yn 2000 untstien is. Ik sjoch fan ut myn hus dat de frachtweinen no heger boppe it skerm utstekke as earder. Der is dus no mear lud nei de huzen ta. Dat komt troch twa oarsaken: 1 De provinsje hat nei 2000 de trochgeande dyk, N357, opknapt troch dy mei in tsjokke asfaltlaach swier te ferheegjen. Fljirtroch is it skerm minder heech wurden. 2. De grunwal is yn de jierren nei 2000 ynklonken wertroch de hichte fan it skerm ek leger wurden is. Dy is fansels meisakke. Oer dizze saken haw ikfan de gemeente nea in ynhaldlike reaksje krigen. Wylst ikfrege ha om de aide hichtesifers fan de wei en it skerm neist de situaasje fan no te lizzen. FUMO hatyn syn Memo fan 18 juny 2015 opfersykfan de gemeente ek watsein. Hja komme mei in rekkenmodel ut 2014 en mei de opmerking dat de besteande huzen ut de 80er-jierren binne en 'dat de geluidswal met scherm van voldoende hoogte zijn.'. Us hus hat in boufergunning fan 1991 en is dus ut de 90er-jierren. Der heare swierdere noarmen by dan ut de 80er-jierren. FUMO sit dus net goed mei dizze berekkening. De FUMO-opmerking oer genoch hichte fan it skerm slacht nearne op want sifers fan de aide en de hjoeddeistige situaasje binne net ievere. Net troch FUMO en ek net troch de gemeente. Craach wot ikfan de gemeente hjir noch in goed underboud antwurd op. Dan haw ik de gemeente noch wat te melden. Dat is de menier werop B&W mei myn brieven en mei my omgiet. Ik haw oer dizze kwestje twa brieven yn myn beste Frysk, de twadde rykstaal, skreaun. Dan is it foar my as boarger net akseptabel dat ik dan fan in amtner, ut namme fan B&W, in troch him undertekene Hollanske brief werom krij. Koe dat nou net oars? Ik haw echt it gefoel dat it bestjoerfan de gemeente myn earste brief nea sjoen hat en dat in amtner wot bepaalt wat en yn hokker taal oan de boarger werom skreaun wurdt. Op myn twadde brief fan 29 april 2015 hjiroer, haw ik nea in skriftlik Frysk antwurd krigen. De iennige reaksje fan de gemeente wie in kreaze Fryske untfangstbefestiging fan 30 april 2015. Dat is in moai begjin mar wer bliuwt itferfolch Wat my as direkt belutsen boarger by dizze kwestje ek offalt, is dat de gemeente my net efkes tipt hat oer dizze gearkomst. Lokkich hat myn buorman dat wol dien. Ik bin fansels benijd nei itfierdereferrin fan dizze saak en nei in goed Frysk en underboud antwurd fan B en W op myn twadde brief.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 55