■GEMEENTEI
Leeuwarderadeel 5
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei
21 jannewaris 2016 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens.
3. Ynsprekrjocht boargers
De hear J.S. Keizer sprekt yn op agindapunt 14 (Finansiering fuot- en fytspaadspoartrasee Stiens-
Jelsum):
Foarsitter,
/As ik it mei itfoarlizzende utstel iens wie, hie ik hjir net op dit plak sitten. Werom net earder - maaie 2015 - ynsprutsen
Fanwege de understelling dat dergjin jildfoar wie, sa as ien fan de kolleezjeleden my witte liet.
Net dat de spoarbaan net tagonklik wurde moat; op himsels is soks netferkeard. Der moat in goed stik lizze mei
underbouwde arguminten om sa'n plan in kans meitsje te litten. Derfoar is dan wat lobbywurk nedich en begjint der in
syktocht nei jild om in plan fan de grun te krijen. Ko-finansiering is in bewend middel en goed brukber om de finansiering run
te krijen, mar dan moat der wot wissichheid oer weze. Op grun fan yntinsjes sa as no yn it utstel ferwurde stiet, liket it my
unferantwurde om no al de eigen beurs te luken!
Dan it plan sels.
Yn hast ronkende bewurdingen wurdt KH 2018 opfierd as earste argumint om it plan oannimlik te meitsjen. In fytspaad soe
- en ik sitearje: toeristen in unike kans biede om op in oantreklike wize yn'e kunde komme te litten mei inkelde fan de
wichtigste monumintale pearelsfan de provinsje...". Dizze peareis (Dekema State en Martena State) binne al hiel goed, sels
better en tichterby te berikken oer de sunt ieuwen besteande doarpsdiken yn Jelsum en Koarnjum. Fan de spoarbaan of kin
men de beide states net iens sjen en allinne ofgean op hanwizers sil net genoch weze. En it dokstershus is wrychtich ek goed
fia it sintrum tefinen!
Dan is der sprake fan in twadde fase mei in rekreative plus, folgjend op de fysike oanliz fan it trajekt as fase 1De
understelling oer wat sa'n rekreative plus ynhald binne wol tige optimistysk: Whishfull thinking, foarsitter?
Dan it gebrukfoar de eigen ynwenners.
Foar dyjingen, dy in runtsje kuierje wolle kin it in grutte mearwaarde hawwe. Fisyk kin dan folstien wurde mei it
behoffenjen fan de ferhurding, dy der no noch leit en it oanbringen fan de tige geve Krupp-staal bregen, dy noch yn it
gemeentlik depot lizze. Sa utfierd, waard der al jierrenlang gebrukfan makke troch kuierders.
Foar de skoalbern fan De Jint bestiet der in mearwearde yn in fytsferhurding fan de Spoarbuert nei It Gryn. Mar foar it
fytsferkear nei Ljouwert leit der in snelfytspaad bylans de Bredyk, wer de trekkers okkerjiers dfhelle binne en auto's yn'e spits
net komme meie en leit derfoar de sudlike doarpen in asfeilich beoardielde Joussenwei en in Martenawei en
Boarnsylsterwei, wer moarns yn'e spits trochgeand autoferkear ferbean is! Yn Jelsum soene der sa ut it noarden wei, op de
Skierhusterwei, binnen 300 meter 3 fytsrutes utkomme!
Is in fytspaad oer de spoarbaan wolfeilich moat men jin offreegje?
Mei in fiiftal krusings:
*Truerderdyk, fuortdaliks nei de trijesprong mei de Pyter Jurjensstrjitte;
*Pim Mulierwei, 50 km-dyk;
*Menno van Coehoornwei, 80 km-dyk
Skeltedyk, fanof 60 km krekt 30 km-dyk;
Skierhusterwei, fanof 60 km krekt 30 km-dyk.
Hawwe hjir a I ferkearskundigen nei sjoen?
Hoe tsjuster bliuwt it paad? Hoe feilich is it - benammen yn de wintertiid - op it stik tusken de Skeltedyk en de
Skierhusterwei mei goed 400 meter boskbeplanting? Rekkenje mar dat alders net wolle dat harren bern der by donker as
yn'e skimerlans fytse.
No efkes wat ynteraktiver foarsitter: ik stel de riedsleden de fraach: "wa fan jimme is it teste jier oer it fytspaad by de
Dokkumer le fytst?
Dan kin men nammentlik witte hoe krap dat fytspaad is: men kin elkoar amper foarby. Sa'n twa-rjochtingsfytspaad moat
minimaal 2 meter breed weze; it liket der net op. I Kinne wy as Streek mei it wraldferneamde Bartlehiem dat netfolle better
goed tagonklik meitsje foar de toerist en eigen ynwenners, dy graach in eintsje om fytse wolle? Dat paad is 6 km lang, mar
oer meielkoar 1 km: breed genoch. Krap 5 km in meter breder meitsje sil grif minder kostje as in fytspaad oer de spoardyk.