De hear De Kroon (PvdA): Alle fersiken fan undernimmers om mei harte praten is oan foldien. En mei de NFLS hat men in BOT-sesje han. It hat bliken dien dat it trajekt net breed genoch wie foar har plannen. De hear Tuininga (FNP): Mei in pear oanpassingen hie dat wol mooglik west. Men wit yn prinsipe net wer't men no oan ta is en derom hat de FNP noch in tal fragen. De oanbesteging sil hast wol priemmen stean. Neffens de husjurist soe de Grontmij graach de utfiering dwaan. Sil de oanbesteging underhans weze of kinne ek oare partijen meidwaan? Docht de gemeente de oanbesteging of de Grontmij? De hear De Kroon (PvdA): Dat binne suggestive fragen. Wa't plannen foar de gemeente makket, kin nea oan de oanbesteging meidwaan. De hear Dijkstra (FNP): It is doe troch de husjurist sa sein. De hear De Kroon (PvdA): Dy bepaalt net hoe't der oanbestege wurdt. Der moat earst noch in plan makke wurde. De hear Tuininga (FNP): Is de gemeente ek fan doel om by de oanbesteging omtinken te jaan oan in juridyske paragraaf? En oan dossierfoarming te dwaan? Binne de nije bregen ek underdiel fan de oanbesteging of binne dy al kocht of wurde dy weromkocht fan de NFLS? Wurde maatregels foar de feilichheid (lykas by oergongen en spoarbregen) meinommen yn de oanbesteging? En wurdt de ferljochting ek meinommen? Komt der noch in gearkomste foar de oanbesteging foar de oanwenners en de ynwenners fan Ljouwerteradiel? Der wiene ranebetingsten foar de subsydzje fan de provinsje. Dat bedrach moast reserveard wurde en dat is net bard. It komt no ut de pot komutlis. Dat is in doelbestimming. Lizze der gjin oare klaims op dy bestimmingsreserve? De plannen foar Stiens-East steane op priemmen. Der sit lykwols noch mar 6.000 euro yn de pot komutlis. Dat is foar Stiens-East en ynwreidings net ferantwurde. Men koe it stik net krije oangeande de beskikking fan de provinsje. Werom wie it geheim, want deselde sifers stienen ek ai yn de stikken. Der wurdt no 507.000 euro utlutsen foar it plan. Kin it kolleezje de garansje jaan dat it derfoar kin? It plan is fuortkommen ut it koalysje-akkoart 2014. De kapitaallesten binne lykwols net opnommen yn de begrutting 2015/2016. Werom net? Op de folder stiet it logo Leeuwarden Cultureel 2018. Jout dy subsydzje oan dit projekt? By neifraach die bliken dat dit plan der net bekend wie. Werom dan dat logo? It is misliedend foar de boargers. De auteursrjochten fan de NFLS: Der binne blykber dingen oernommen fan NFLS. As dat sa is hoe wol it koileezje dermei (in koart pleit) omgean? Hoe giet de gemeente Ljouwert om mei dit plan? Hoe sit it mei it bestjoerlik oerlis oer it plan en de underhaldkosten nei 2018? De wethalder seit 'aan een breed publiek kan men de piannen laten zien'. Wa is dat brede publyk? De riedsleden hawwe neat sjoen. Der stiet ek yn it ferslach 'Leeuwarden en de provincie zijn op de hoogte van de plannen en moeten het accorderen'. Wat moatte dy akkoardearje? Allinne it finansjele of it totale plan? Is der praat oer de 5 gefaarlike oergongen en de breedte fan it paad en de ferljochting mei de ferkearskommisje? Is der in ferslach fan en kin men dat dan krije of ynsjen? Wethalder Van der Meulen soe neigean wer't de folder ut betelle is. Men hat noch gjin antwurd krige. Hoe sjocht de ferljochting derut? Hy nimt oan dat der ferplichtingen foar binne. As it plan trochgiet dan komt it plan op besjen te lizzen. De FNP giet derfan ut dat it plan der foarlopich net komt en dat der in proseduere oant by de Rie fan Steat komt. Hoe sit it dan mei de subsydzje fan de provinsje? Sit der in termyn oan fest? 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 162