slompe (mienskips)jild beskikber stelle. Der is gjin deugdlike underbouwing. Fan it koalysje-akkoart 'Fan de boarger, mei de boarger' komt neat op 'e hispel. De hear De Kroon hat earder sein dat de boarger der goed by belutsen wurde moat. Mar dat moat men neffens him yn de tarieding al dwaan en net pas by de utfiering. De boarger is hielendal net op 'e hichte fan de gong fan saken en dat jildt ek foar de undernimmers. Fly wiist op it ynkommen stik fan mefrou De Graaf yn de StienserOmroeper. Hy tinkt dat de ynbring fan de hear Keizer oangeande in goed fytspaad by de Dokkumer le lans folle mear omtinken krije moat. Der binne al twa goede fytspaden nei Ljouwert ta. De NFLS hie in prachtich plan, mar der lei in oerienkomst yn it koalysje-akkoart en dat moast by heech en by leech folge wurde. De hear De Kroon (PvdA): Yn it koalysje-akkoart wie in fuot- en fytspaad opnommen. Men stiet noch hieltyd achter de argumintaasje dat it nuttich en nedich is. It hat by de ferkiezings stimmen oplevere en hat dus wol draachflak by de befolking. De hear Tilma (CDA): Men hat net under druk fan wa dan ek in beslut nommen. Dat is bard op basis fan arguminten en dy arguminten jilde noch altyd. De hear Pot (WD): Hij sluit zich daarbij aan. Hij wijst erop dat de elfstedenvaarroute destijds ook veel geld gekost heeft. De hear Tuininga (FNP): De NFLS is oan de kant skood op grun fan mar ien rapportaazje. Yn Hengelo skynt it wol te kinnen. Der is net nei de undernimmers harke. Men smyt no in protte jild fuort. De hear De Kroon (PvdA): Alle fersiken fan undernimmers om mei har te praten is oan foldien. En mei de NFLS hat men in BOT-sesje han. It hat bliken dien dat it trajekt net breed genoch wie foar har plannen. De hear Tuininga (FNP): Mei in pear oanpassingen hie dat wol mooglik west. Men wit yn prinsipe net wer't men no oan ta is en derom hat de FNP noch in tal fragen. De oanbesteging sil hast wol priemmen stean. Neffens de husjurist soe de Grontmij graach de utfiering dwaan. Sil de oanbesteging underhans weze of kinne ek oare partijen meidwaan? Docht de gemeente de oanbesteging of de Grontmij? De hear De Kroon (PvdA): Dat binne suggestive fragen. Wa't plannen foar de gemeente makket, kin nea oan de oanbesteging meidwaan. De hear Dijkstra (FNP): It is doe troch de husjurist sa sein. De hear De Kroon (PvdA): Dy bepaalt net hoe't der oanbestege wurdt. Der moat earst noch in plan makke wurde. De hear Tuininga (FNP): Is de gemeente ek fan doel om by de oanbesteging omtinken te jaan oan in juridyske paragraaf? En oan dossierfoarming te dwaan? Binne de nije bregen ek underdiel fan de oanbesteging of binne dy al kocht of wurde dy weromkocht fan de NFLS? Wurde maatregels foar de feilichheid (lykas by oergongen en spoarbregen) meinommen yn de oanbesteging? En wurdt de ferljochting ek meinommen? Komt der noch in gearkomste foar de oanbesteging foar de oanwenners en de ynwenners fan Ljouwerteradiel? Der wiene ranebetingsten foar de subsydzje fan de provinsje. Dat bedrach moast reserveard wurde en dat is net bard. It komt no lit de pot komutlis. Dat is in doelbestimming. Lizze der gjin oare klaims op dy bestimmingsreserve? De plannen foar Stiens-East steane op priemmen. Der sit lykwols noch 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 15