g m GEMEENTE Leeuwarderadeel 5 1 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 31 maart 2016 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear J.S. Keizer sprekt yn op agindapunt 9: Foarsitter, achte leden fan de ried. Leaver hie ik hjir net sitten. Lykwols de gong fan saken oangeande de behanneling fan beswieren tsjin it weryndielingsuntwerp twingt my ta in tal opmerkings. Dernei sil ik noch ynhaldiik yngean op wat oangeande myn beswier yn de reaksjenota nei foaren kommen is. Ynearsten oer de behanneling: Op myn frysktalich beswier fan 7 jannewaris dit jier krij ik op 11 jannewaris ut namme fan us kolleezje in untfangstbefestiging yn de nederlanske taal. Dermei haldt it kolleezje him net oan har eigen Frysk taalbelied! Yn dizze untfangstbefestiging wurdt utlein wat it fierdere ferrin weze sil fan reaksjenota en oanpast Weryndielingsuntwerp - wat dan formeel it Weryndielingsadvys neamd wurdt oant de behanneling yn de ried. Moai dat soks utlein wurdt. Dan wurdt skreaun: "Als indieners - no ik bin der mar ien - van een zienswijze krijgt u de gelegenheid om bij de behandeling in de gemeenteraad waar u een zienswijze hebt ingediend een toelichting te geven. Dit zal medio april 2016 plaatsvinden. Wij informeren u over de exacte datum wanneer deze bekend is". Foarsitterik bin hielendal net ynformearre troch noch ut namme fan, noch streekrjocht troch dit kolleezje oer de datum fan behanneling yn de gemeenteried. Dy datum blykt hjoed te wezen en der sil ek noch wol yn april oer praat wurde, mar de yntsjinner fan it beswier is net op'e hichte brocht en dat is skeining fan de tasizzing fan it kolleezje en is nei myn betinken in sadanige flater dat it de fuortgong fan it weryndielingsproses behindert. As beswiermakker bin ik net op'e hichte brocht fan de reaksje op myn beswier. Hie dat no netfetsoenlik west? Hie dat ek net moatten om in beswiermakker de gelegenheid te bieden om in taljochting tejaan by de riedbehanneling? Dan no de vnhaldlike kant: Moai dat no under kest 1.2.3. "Maatschappelijke kenmerken" as foarsjenningen it fersoargingshus Skilhiem, de soarchwenten Petterhusterstate en it "Gezondheidscentrum" yn Stiens yn it weryndielingsadvys opnommen binne. Mar ik ha Talant ek yn myn beswier neamd en der is neat mei dien! Yn de reaksjenota stiet: "genoemde maatschappelijke voorzieningen zijn niet bewust weggelaten"; it moast der potferdikkemy ek noch by komme dat soks wol sa wie; it is klearebarre sleauwichheid, wylst alle riedsleden sa faak as mar koe yn it weryndielingsproses de noed utsprutsen hawwe foar it yn stan halden fan de foarsjennings, dy wy hjir hawwe. Hielendal flau wurd ik dan fan de utsetter: "Overigens was deze omissie (ja, dat wie it yndied!) op geen enkele wijze nadelig voorde huidige gemeente Leeuwarderadeel". Wat in goed-praterijl! Ta beslut oer de namme fan de niie gemeente Yn de reaksjenota kin ik leze: "Volgens Keizer wordt Leeuwarden in landelijk verband ook i/eel geassocieerd met Leeuwarderadeel". It is krekt oarsom! Les myn opfettingfan 7 jannewaris der mar op nei, want der ha ik

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 21