2 skreaun dat it krekt oarsom is, nammentlik dat de namme "Leeuwarderadeel" fuortdaliks yn ferban brocht wurdt mei Leeuwardende sted Leeuwarden bliuwt wol "L eeuwarden" en om'e wille fan de ynwenners fan de sted kin am my de nije namme ek wol "Leeuwarderadeel" weze. Al yn 1242 wie der sprake fan de "Grietenei Leeuwarderadeel" neffens in oerienkomst mei in tal buorgrietenijen; it wie yn de tiid fan it ferneamde Leppa-ferban. len en oar stiet beskreaun yn dit boekje: "Acht eeuwen Leeuwarderadeel"fan H. Hazelhof en utbrocht yn 1992 mei in foaropwurd fan ald-boargemaster Cees Bijl. Achte ried, ik hoopje datjimme as riedsleden fan dizze gemeente Leeuwarderadeel opkomme sillefoarde gemeentenamme wer jimme de fertsjinwurdigers fan binne. Ik wie bliid mei it stik fan Pieter de Groot yn de Ljouwerter Krante fan sneon 23 jannewaris, weryn hy pleite foar in referindum oerde namme fan de nije gemeente, tagelyk mei de riedsferkiezing yn novimber 2017. Doare jimme it oan om sunder de befolking te rieplachtsjen jimme del te lizzen by in namme, dy de skiednis geweld oan docht? Guon ha gjin ynteresse yn skiednis, guon ha der aardichheid oan ofmeitsje harren berop derfan, mar lit ien ding helder weze: Wa de skiednis fersmyt, kin syn takomst net!

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 22