GBL
Moasje frjemd oan de wurklist
RAAD
31 maart 2016
MOTIE aangenomen
UNANIEM
Ljouwerteradiel
Moasje oangeande apparteminten yn de leechkommende skoalgebouwen
De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn de gearkomste fan tongersdei 31 maart 2016
yn berie nimmend dcit:
fersiket:
der dizze simmer twa skoalgebouwen leech komme te stean,
nammentlik yn Britsum en yn Koamjum;
by in earder leech kommen fan de eardere Paedwizer yn Stiens dit
skoalgebou geskikt makke is foar apparteminten;
koartlyn plannen yn Froubuorren presintearre binne om 7 apparte
minten yn de eardere basisskoalle te realisearjen;
dat de mooglikheid foar wengelegenheid foar starters yn us
gemeente krap is;
de husfestingswet no ferbiedt in foarrangsregeling foar jonge
hushaldings, dy woartele binne yn eigen doarp te hantearjen;
it kolleezje undersyk te dwaanI dwaan te litten nei mooglikheden om
alle gemeentlike gebouwen geskikt te meitsjen/meitsje te litten foar
appartemintebewenning en/of oare bestimmings;
de ried in maaie fan dit jier deroer te rapportearjen.
en giet oer tci de oarder fan de dei.
Underskreaun op 31 maart 2016 troch:
GBL-fraksie FNP-ffaksje
Wiebe Ekas Folkert Dykstra
Sikko Klaver Jan-Willem Tuininga
Meint de Haan
leeuwardcradeel
%a„f?