De hear Brouwer (CDA): it CDA is bliid dat de bewenners sa belutsen binne by it projekt. De riedsleden moatte har der goed mei dwaande halde. Men moat benammen rekken halde mei de omwenners fan it paad. Der binne in protte krityske luden en dy moat men meinimme yn de utwurking fan it plan. It CDA is noch altyd foarstannerfan in fuot-en fytspaad. Dat betsjut net dat men op foarhan mei de utfiering akkoart is. It paad hat in mearwearde foar de gemeente. Men moat dus goed sjen nei de utwurking fan it plan, lykas de mjitte fan ferljochting, picknickplakken en de oanwezigens fan offalbakken. It CDA hat foar it paad stimd ek troch de mooglikheid fan de subsydzje fan de provinsje. Hy wiist derop dat de FNP-deputearre Kramer it paad stipe hat mei 250.000 euro. De hear Tuininga (FNP): Hy wiist derop dat deputearre Korea/Kielstra oer de finansjes giet. De hear Brouwer (CDA): Dochs wurdt it stipe troch it kolleezje fan Deputearre Steaten, der't de FNP diel fan utmakket. De hear Tuininga (FNP): De FNP is der op himsels net op tsjin dat der wat mei dat paad bart. Mar men moast dan wol earst draachflak kreeare. It wie it CDA earder mar 'twa kroaden skulpen' wurch. Is it CDA no ree om nei de boargerte harkjen om it paad as in smel skulpepaad oan te lizzen? De hear Brouwer (CDA): Wat it CDA oanbelanget komme der gjin picknickplakken en gjin skooters en brommers en suver hast gjin ferljochting. Der moatte jiskefetten komme. It CDA bliuwt dus foar in fuot-en fytspaad, mar de omwenners moatte net unevenredich beleste wurde. Earder waard ek praat oer it spoarfytsen. Waard dat idee, der't de opposysje ek achter stie, neffens de wethalder droegen troch de omwenners? Is sa'n alternatyfyn de eagen fan de omwenners in goed idee? De hear Tuininga (FNP): It gie de FNP by dy saak derom dat de oanfraach fan de NFLS yn behanneling nommen wurde moast. En dernei hong it derfan of oft de omwenners it wolle. De hear Brouwer (CDA): De yndruk wie dat de opposysjepartijen foar it spoarfytsen wienen. Noegje as kolleezje de minsken ut. It CDA wol ek graach mei de omwenners yn petear. Nim de minsken serieus. De hear De Kroon (PvdA): Earst moat men it deroer hawwe oer hoe't it plan foar it paad der kommen is. De PvdA hat al 14 jier yn it ferkiezingsprogramma foar sa'n paad pleite. Ek yn 2014 stie dat yn it ferkiezingsprogramma en de PvdA hat noch nea sa goed skoard. Dat wiist dochs op draachflak. En de PvdA graach syn beloftes neikomme. De FNP hat yn it ferkiezingsprogramma fan 2014 ek stean dat it kolleezje mei in rekreatyf fytspaad oer de spoarbaan oan de slach gean moast. De hear Tuininga (FNP): Dat klopt, mar dan moat men wol earst draachflak sykje. De hear De Kroon (PvdA): 10 jier lyn hat de ried al sinten op de begrutting set foar sa'n fyts- en kuierpaad. De hear Dijkstra (FNP): Dat wie foar it plan fan Trino van der Geest fan Staatsbosbeheer: in fytspaad nei de Dokkumer le ta. De hear De Kroon (PvdA): Hy hat it plan fan de PvdA neamd. Der wie dus neffens him wol draachflak foar it paad. Men moat fansels wol harkje nei de krityske luden fan de omwenners. 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 12